51

november 2021 51 Amerikaan de oarloch oerlibbe hie en dat de tocht nei it sikehûs syn libben rêden hie. Ja, en fan it ien komt it oare. Sa rekken hy en Douwe Drijver belutsen by de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation, koartwei de SMAMF. Dy stifting hie as thúsbasis Amsterdam, mar wie net sa botte aktyf dêr, reden foar Alexander en Douwe Drijver om de stifting nei Fryslân te heljen. Ien fan de redenen dat der yn Fryslân noch al wat fleantugen delkommen binne wie dat Fryslân “op de rûte” lei tusken Ingelân en stêden sa as bygelyks Bremen, wêr’t in protte oarlochsyndustry wie. De twadde reden wie dat it fleanfjild tusken Marsum en Ljouwert troch de Dútsers fuort yn it begjin fan de oarloch al yn gebrûk nommen waard as militêr fleanfjild. It fleanfjild wie noch mar in pear jier earder yn gebrûk nommen as boargerfleanfjild, mar dy status hat it nea wer krigen. Nei de oarloch bleau it in militêr fleanfjild. Alexander, Nykle en Douwe besykje foaral om mear ynformaasje te efterheljen oer al dy fleaners dy’t yn Fryslân begroeven lizze of dy’t hjir oppakt of ûnderdûkt wiene. It giet dan net allinne mar om fleaners fan fleantugen fan de alliearden, mar soms Kranslegging door Alexander Tuinhout en Douwe Drijver van de SMAMF

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication