52

52 Mandeguod Remembrance panel Klaeiterp ek om Dútske fleaners. Want oan beide kanten foelen uteraard slachtoffers. Yn de fleantugen fan de Royal Air Force siet lykwols faak in mingde bemanning, dy koe bestean út in pear Britten, in Kanadees en soms sels in Súd-Afrikaan. Om ynformaasje te achterheljen fleagen de mannen bytiden de heale wrâld oer. Sa ha se bygelyks ris 3 wiken yn Nij Seelân west, op útnûging fan in neibesteande. “En do wolst net witte hoe tankber dy famylje en de neibesteanden binne as einlings bekend wurden is wêr’t harren famyljelid begroeven is of ûnder hokker omstannichheden hja ferstoarn binne. Ek al giet it soms om de omke fan dyn pake, ek al ha se dy persoan nea yn it echt kend, it docht harren emosjoniel in hiele protte”, fertelt Alexander. Soms ek lizze de fleaners noch yn it wrak fan it fleantúch op it plak fan de crash, en kiest de famylje der foar om it sa te litten. De SMAMF soarget faak foar in plaquette, in betinkingsteken of in ynformaasjeboerd, as earbetoan oan de fleaners dy’t harren libben ferlearen. Downing Street 10 Ien fan dy ynformaasjebuorden is in jier of wat lyn pleatst lâns it dykje by Klaeiterp. Yn earste ynstânsje (der wie in protte ferwarring, omdat it de earste crash yn Fryslân wie) wie net bekend wat foar fleantúch of wat foar bemanning dêr by Boazum delkommen wie, en de bemanning krige in nammeleaze stien op it Noarder Begraafplak yn Ljouwert.

53 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication