53

november 2021 53 Ut it speurwurk fan Alexander en syn kompanjons – ûnder oare yn de London National Archives – kaam nei foaren dat it om de Wellington R1397 en syn 6-koppige bemanning gong. De nammeleaze stien op it Noarder Begraafplak koe lykwols net sûnder mear oanpast wurde: sa’n stien is eigendom fan it Feriene Keninkryk, en dêr wiene se net sa hastich. Doe ha de SMAMF-mannen gewoan in brief by Downing Street number 10 ôflevere, en doe wie it pleit gau besljochte! De grêfstien mei de 6 nammeleaze fleaners stiet no yn it Fries Verzetsmuseum, en op it begraafplak binne no twa grêfstiennen pleatst mei elk 3 nammen fan de omkommen fleaners. En ek soks giet noch net sa maklik: sa’n stien moat spesjaal makke wurde yn België, troch de organisaasje dy’t giet oer de Commonwealth War Graves. Dit alles barde yn 2015, 74 jier nei’t de fleanmasine delkaam wie, mar de famylje fan de bemanning (6 Britten en ien Nij Seelanner) wie by dizze plechtichheid oanwêzich, en ja, dêr dogge je it foar… Dat soks de neibesteanden emosjoniel rekket docht wol bliken út it feit dat de broer fan ien fan dy fleaners as winsk hie dat syn jiske op it grêf fan syn broer útstruid wurde soe. By sokke gelegenheden giet it ek foaral om de ‘ontmoetingen’ fan minsken dy’t inoar hielendal net kenne, mar dochs ien ding mienskiplik ha: in famyljelid dy’t hjir om it libben kommen is yn de striid om de frijheid fan ús lân. “Dan steane der by sa’n gelegenheid ek minsken mei in hiel ferskillende eftergrûn by inoar. Dan sitte bygelyks in havenarbeider en in miljonêr meiïnoar yn petear.” Op Skillaerd stiet fansels ek de propeller en in ynformaasjeboerd oer de Stirling EF347. Mei uteraard de fraach: wa leit der yn it achtste grêf? Ut argiven yn Ingelân docht bliken dat koart nei de oarloch al wis wie dat der gjin achtste man oan board wie. It wie ek riskant om stikem in ekstra passazjier mei te nimmen: dêr stiene hege straffen op. Boppedat: der is yn dy nacht ek net immen fermist, immen dy’t mooglik as ferstekling meifleane kind hie. Yn 1946 binne de grêven herskikt en is in kiste mei net identifisiearre lichemsdielen neist it grêf fan piloat Howland pleatst. It is wis dat in part fan syn stoflik omskot ek yn dit grêf leit en dêrom steane de beide stiennen wat tichter op inoar. Dizze – namleaze – achtste stien is lykwols altyd stean bleaun, út piëteit en as earbetoan oan al dy fleaners dy’t nea wer werom fûn binne en dy’t ek nea in eigen stien krigen ha. Skillaerd stiet wol yn it boek, mar is net meinommen yn de fytsrûtes, omdat de rûtes allegear by it HCL starte, en de rûtes beslaan net mear as in pear oeren fytse. Mar wat let dy om it rûntsje wat langer te meitsjen? Nijsgjirrige saken It sneupwurk fan Alexander bringt ek oare nijsgjirrige saken oan it ljocht:

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication