Skillaerd: de dyk, de terp en de pot De dyk dy’t nei Skillaerd ta rûn wie eartiids min of mear in priveedyk: it late nei 4 pleatsen, in wachtpost, in hûs dat yn earder tiden ek in kop-hals-romppleatske west hie, en fansels: de toer – it oerbliuwsel fan uteraard in kompleet tsjerkje. Mei faak jierrenlang ek deselde famyljes dy’t op dy pleatsen buorken. Elk koe elkenien dy’t it dykje delkaam, want: de dyk nei Skillaerd rûn dea. Ik ha de earste twa desennia fan myn libben op de earste pleats trochbrocht, de pleats dêr’t no Wigle en Ruurdtsje sûnt in pear jier wenje. En ast witte wolst hoe’t it lân der destiids ûngefear hinne lei, dan is it aardich om nei it skilderij te sjen dat plak dêr’t eartiids de molkenkelder siet. Links fan de pleats sjochst in hokje dat it keallehok wie, mar letter ôfbrutsen is. Ek kinst noch krekt it eartiidske weinhok sjen, dat stiet der no noch. Wat noch wòl op it skilderij stiet mar der ek net mear is, is de wachtpost. Oan de linkerkant fan de dyk (út de buorren wei sjoen) stie krekt fóár it spoar it wite wachtposthúske. In hûs sa’t se by de hiele spoarlijn lâns oeral te finen wiene. En fansels: oeral hikken, omdatst it grutste part fan de dyk dwars troch it lân (en dus faak ek tusken it fee troch) moast. De earste hikke stie op it skilderij fóár dy earste pleats, mar dy hikke is rillegau nei’t ús heit en mem op de pleats kamen te → ús heit en mem by har trouwen krigen fan ien fan de arbeiders. It wie april 1945, in krappe tiid, mar ik fyn it noch altyd fantastysk dat immen der de tiid en enerzjy foar hie om soks te skilderjen. It skilderij is sinjeard troch Sj. Rinsma, in amateur, de foardoar fan de pleats is glêd fergetten, mar dat is de sjarme ek fan soks. De pleats sels is ek feroare: yn 1960 ûngefear is der in ‘moderne’ oanbou bykommen, op it Mandeguod november 2024 | 47
48 Online Touch Home