48

wenjen (1948) àchter de pleats kommen te stean. Dêrnei krigest fóár it spoar in hikke, néí it spoar in hikke, en by elke pleats wèr in hikke, oant de lêste pleats ta, de pleats fan de Swierstra’s (tsjintwurdich de pleats fan de famylje Middelweerd). En dêr hold de wrâld op. Ja, koest fierder troch it lân, mar dat diene je eins net. Koest de minsken op Jeth sawat beroppe, mar Jeth wie in oare wrâld. Fia de oare kant om te berikken, fia Wiuwert en Britswert. Mar dat wie fansels in hiele omwei… Ek noch aardich op dat skilderij: alle telegraafpeallen. As it winter wie en der izel op de elektrisiteitstriedden siet, brutsen dy triedden geregeld sadat we winterdeis gesellich by de peteroaljelampe sieten te monopolyën… Mar begjin jierren 60 fûnen de ynstânsjes út dat dy boeren ‘ûnsluten’ wurde moasten en oan de tekentafel waard in moaie nije rjochte dyk tekene – ruim baan voor de auto – want de auto hie de takomst netwier? En sa waard de Froonackerdyk tusken Dearsum en Frjentsjert oanlein, waard de Skillaerderdyk trochlutsen fia Jeth nei de Froonackerdyk en oan de oare kant waard Britswert oer Kromwâl mei Itens ferbûn. Yn de simmer fan 1965 sette it oanlizzen fan de dyk Skillaerd-Jeth-Froonackerdyk útein. Us Hil en Durk – doe fan dy lytse strobben – ha harren destiids tige fermakke yn it sân dat brûkt waard foar it oanlizzen fan dy dyk. It Frysk Museum hie út archeolgyske oerwagings frege oan de bouwers fan de dyk om it museum te warskôgjen as se oan de Skillaerder terp ta wiene. Want ja, elk Frysk doarpke bestiet fan oarsprong út in terp mei in tsjerkje der op – kin net misse. Sa ek Skillaerd. Mar ja, dy dykoanlizzers wiene ek net gek, want sadree’t je museums of archeologen der by roppe, dan kostet dat tiid. Dus se batsten gewoan troch sûnder it museum of wa dan ek te warskôgjen. Dwars troch de Skillaerder terp hinne. Us mem, altyd nijsgjirrich, gong fansels op ûndersyk út en yn in krekt groeven sleat (oan de rjochterkant heaks op de nije dyk, tusken it spoar en de toer yn) seach se skerven. It wiene de skerven fan in grutte pot dy’t heal út de kant fan de doe noch drûge sleat te foarskyn kaam. Dat ik fansels ek mei skervesykje, en sa ha we tegearre in hiel soad skerven út dy sleat helle. Wierskynlik hie de pot dy’t wy opgroeven ha noch hiel west, en is er pas brutsen doe’t de grutte dyk- en baggermasines dy sleat útgroeven, want binnenyn de pot siet gjin modder. Op in stuit koenen we net mear skerven sykje, want it wetter kaam stadichoan heger yn dy sleat, en sels mei learzens oan wie it net mear leuk om yn it kâlde hjerstwetter noch mear skerven te sykjen. 48 | Mandeguod november 2024

49 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication