56

Hy lit de fûgels nèt oer it net fleane! “Wy sjogge altyd itselde readboarstke by ús yn de tún. Alle dagen wer.” Dat hearst in protte minsken sizzen. Mar is dat altyd wol wier? Gerard wit it wol seker: nee! stikje tún achter it hûs kin hy syn hobby útfiere en bytiden ek noch kombinearje mei in dei of in middei thúswurkjen. Gerard hat nammentlik as hobby it ringjen en registrearjen fan fûgels. Achter hûs set hy dan tusken twa stokken in 6 meter lang en ryklik 2 meter heech steand ‘mistnet’ op. En dan is it wachtsjen op de fûgels dy’t yn it net fleane. Wel, faak hoechst net lang te wachtsjen: yn de oardel oere tiid dat Gerard my fertelde oer syn hobby fleagen der 16 fûgeltsjes yn it net. Grutte eksterspjocht - Grote bonte specht Sommige minsken wie it fûgelnet yn de achtertún fan it hûs oan de Swannedrift al ris opfallen. Gerard Westerhuis wennet dêr sûnt novimber ferline jier mei syn freondinne Sibrecht (beide 27 jier) en hy is fan jongs ôf oan al ynteressearre yn fûgels en natoer. Mei syn heit (Gerard is opgroeid yn Sint Anne) strúnde hy al faak by de seedyk lâns en syn stúdzje en wurk binne ek tsjûge fan syn ynteresse yn de natoer: hy studearre lânskipsskiednis – hy is ‘landschapshistoricus’ – en hy wurket al in jier of wat by Lânskipsbehear Fryslân. En no oan de Swannedrift mei in ekstra 56 | Mandeguod oktober 2025 Mei dat dan samar? Nee, ècht net! Moatst in fergunning ha om op in bepaald plak (yn dit gefal dus de achtertún oan de Swannedrift) fûgels te fangen en te ringjen. Dy ringmachtiging krigest ek pas neidatst in apart opliedingstrajekt folge hast, sjen litten hast datst bygelyks de fûgels handich út it net krije kinst en it eksamen helle hast. Dan pas krigest in ‘ringmachtiging’. It is belangryk om it wolwêzen fan de fûgels goed te bewaken èn it werkennen fan alle kenmerken, leeftiden en geslachten fan de ferskillende soarten. Boppedat: om de pear jier moatst op werhelling! Wêrom hyt sa’n net eins in ‘mistnet’ as it net iens mistich is? Dy namme is jûn oan dit fine fangnet omdat de fûgels dat eins net sjogge as se fan de iene strúk nei de

57 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication