oare fleane. As it hurd waait hoechst sa’n fangnet trouwens net op te hingjen, dan beweecht it tefolle en ha de fûgels it yn ‘e gaten. De fanglokaasje – de achtertún dus – moat wol grien wêze, der moatte struken of beamkeguod oanwêzich wêze. Wat foer en de rigele sinneblommen yn it stek lûkt ek fûgels oan. In handich lokmiddel is ek it mobyltsje dat fûgellûden ôfspilet. Lûden fan fûgels dy’tst yn dizze achtertún ferwachtsje kinst: mieskes, moskjes, readboarstkes, Turkse toartel. It mobyltsje mei de fûgellûden leit op in bepaald plak ûnder it net, en ja hear, de measte fûgeltsjes sieten lyk boppe it mobyltsje yn it net. Moatst it fangnet wol yn ‘e gaten hâlde, want der binne soms ek poezen dy’t tinke: dêr hinget in lekker hapke! Ek as it reint moatst gjin fangnet opstelle; de fûgeltsjes hingje der faak ûndersteboppen yn: soe de rein ûnder harren fearren op rinne, dan binne se samar te kâld. Om de 10 à 15 minuten wurdt it net ynspektearre en hellet Gerard de fûgels tige hoeden en flot út it net; se wurde yn earste ynstânsje efkes ‘bewarre’ yn in soarte fan fynmazich fisknet. Dan wurde de fûgels yn de garaazje fan harren hûs ien foar ien út it net helle foar it mjitten fan de lengte fan de flerken, de lengte fan it sturtsje, der wurdt even ‘tsjin de tried yn’ blaasd oer it búkje om te sjen hoefolle fet it bistke hat (hat mei de fûgeltrek te meitsjen), it geslacht en de leeftiid fan de fûgel wurdt (foar sa fier as mooglik) fêststeld, en alle fûgeltsjes wurde woegen. Dêrfoar gean se op ‘e kop yn in trochsichtich plestik buiske op it weachskaaltsje. 11 gram, 16 gram, sokke gewichten binne it dy middeis. Ta beslút krije alle fûgels in ring mei in unyk ringnûmer. Foar elk formaat fûgel in ring: hiele lytskes foar de mieskes, readboarstkes en it moskjeguod, mar der binne ek in pear fikse foar bygelyks in ein of in houtdou. Al dizze gegevens wurde yn earste ynstânsje opskreaun yn it notysjeboekje. Op it ein fan de dei wurde dy data online trochjûn oan it Vogeltrekstation. Soms hat in fûgel al in ring, in inkele kear hat Gerard dy fûgel sels ringe. Omdat alle gegevens registrearre binne, kinst dan neigean wannear’t dy fûgel earder fongen west is, hoe swier of hoe licht hy doe wie, etc. Of de ôfstannen dy’t fûgels soms → Mandeguod oktober 2025 | 57
58 Online Touch Home