58

fleane. Yn maart fong Gerard bygelyks in readboarstke mei in ring dêr’t ‘Stockholm’ op stie – dat readboarstke wie yn oktober ringe by Onsala yn Sweden. In ring kin dus wat sizze oer de ôfstannen dy’t fûgels ôflizze, mar ek oer de oerlibbingskânsen fan in fûgel. Hy hat ek al ris fûgels fongen dy’t út Litouwen en sels út Ruslân wei flein wienen. Rekkenje mar út hoefier oft sa’n lyts bistke fleane moat: fan Ruslân nei Mantgum… De blokmieskes (koolmezen) en de blaumieskes (pimpelmezen) binne trouwens felle fûgeltsjes: se pikke Gerard daliks yn ‘e fingers as er se beet hat. Kinst dy mieskes ek net mei bygelyks in readboarstke yn in ‘bewarnet’ sette, want de mieskes hakke daliks op sa’n readboarstke yn. Dêrom hat er ek meardere bewarnetten foar de ferskillende fûgeltsjes. De hiele ‘seremoanje’ fan weagjen, mjitten en ringjen fan sa’n lyts fûgeltsje duorret ûngefear in minút, en as dat klear is krijt it bistke de frijheid wer troch it iepen rútsje fan de garaazje. Yn de tún stiet ek noch in ‘fangkoai’: mei in toutsje fia de achterdoar kin it doarke tichtlutsen wurde. Dy koai is mear foar de gruttere fûgels. Dêr siet lêsten noch in Turkse toartel yn. Foardat Gerard yn de Mantgumer achtertún fûgels fong wie hy al in jier of wat as frijwilliger oan de Tsjûkemar oan it ringjen. Hy wurket dêr mei Jan de Jong (ja, kloppet, de man dy’t geregeld 58 | Mandeguod oktober 2025 yn de Ljouwerter krante skriuwt). Jan de Jong fangt en ringet al sûnt 1985 by de Tsjûkemar. De Jong is lykwols de jongste ek net mear en hy is tige wiis mei de help fan Gerard – eins is it ek net mear ‘help’, want Gerard hat it ringjen foar it grutste part oernommen. Want oan de Tsjûkemar is fûgels fange en ringje gâns swierder wurk as hjir yn Mantgum. It fangnet dêr is tusken de 100 en 200 meter lang, en faak genôch steane je dêr mei grutte lieslearzens yn it wetter èn je fange folle méár fûgels. De teller fan de fangsten dêr by de Tjûkemar stiet op sa’n 3000 fûgels yn in jier. Krekt ha se noch in fjildûle fongen by de Tsjûkemar. Dat wie pas de twadde fjildûle oait op dat ringplak sûnt 1985. En set Gerard yn syn eigen tún it net yn twa minuten op, it fûgelnet opsette by de Tsjûkemar kostet wol 1 à 1½ oere. Boppedat moat it klear wêze foardat it ljocht wurdt. Mei oare wurden: Gerard moat simmerdeis op dy dagen om healwei 3 moarns al los! Wêr is sa’n hobby goed foar, soest sizze? Wel, út alle gegevens fan fûgels dy’t yn Nederlân en yn it bûtenlân ringe binne, kinne weardefolle wittenskiplike ynsichten opmakke wurde, bygelyks oer de trek, oer de kondysje, oer de oantallen. Dêr kinne dan ek trends út waarnommen wurde: ek de klimaatferoaring kinst dêr út ôfliede as bepaalde fûgels earder of letter yn in seizoen foarkomme, of út in normaalwei waarmer gebiet wei komme, etc. In betingst is dan wol dat dy gegevens jierrenlang oanien optekene wurde.

59 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication