50

50 Mandeguod Plan Boppeslach no echt útein setten! Wat binne we bliid dat plan Boppeslach no echt fysyk útein setten is. Nei in tiid fan plannen meitsje en subsydzjes oanfreegje, binne inkelde wiken werom de earste echte stappen setten om it plan op it baggerdepot te realisearjen. Wilco, Jan en Reinder ha it baggerdepot efter it sportfjild meand. In grut oerwoud is fuorthelle en in braaklizzend stik lân kaam foar ’t ljocht. It is no goed sichtber hoe’t it lân derby leit, wêrtroch de folgjende stappen nommen wurde kinne. Jolle Jelle fan Geomaat hat it stik lân ynmetten. We witte no presys hoefolle grûn der leit. Der wurdt no in tekening makke dêr’t yn omskreaun wurdt hoe heech bulten wurde, ûnder welke hellingshoek en wêr’t dizze krekt komme. Alle grûn dy’t op it baggerdepot leit, sil dêr ek wer brûkt wurde. Op de tekening sil ek te sjen wêze hoe’t it paad rint en wêr’t de brêge komt. Dit plan sil begjin desimber besprutsen wurde mei gemeente Ljouwert, provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân. Mei al dizze fysike úteinsettings, binne ek de earste oerebryfkes ynfold. Elk frij willigersoere foar it plan smyt € 11,op, dus wy binne tige bliid mei alle frijwilligersynset. Neist fysike stappen, wurdt ek efter de skermen folop wurke oan Plan Útrikking cheque fan € 7.500,- troch de Rabobank foar plan Boppeslach f.l.n.r.: Louis Sibma (Rabobank) , Jant van Dijk en Jelmer Jonker

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication