16

Swannerjocht en Swannedrift Ja, Mantgum wie in deftich plak! Dat seagen je eartiids al oan ’e swannen dy’t hjir om it doarp omswommen, de sierlike fûgels hearden by de state Hoxwier, dy hie it swannerjocht. En dat rjocht hiene hiel wat adellike famyljes yn Fryslân, dat rjocht waard ek meiferkocht as de state ferkocht waard, of as de state nei in oar famyljelid gie: by in state hearden meastentiids de hearebanken yn ’e tsjerke, de grêfkelders yn ’e tsjerke en ek de “hearlike” rjochten, sa as it swannerjocht. Swannefleis skynt neat bysûnders te wêzen, om net te sizzen: net te iten. Mar sa’n bist op ’e tafel, opfuld mei prommen of druven (tink oan it ferske fan Sjef van Oekel!), dat stie fansels prachtich. De fearren en it dûns waarden wol brûkt, mar it echte ekonomyske nut wie mar lyts, it like foaral moai as se yn ’e greften om it adellik stee omswommen. Der binne yn Fryslân in pear swanneboeken bewarre bleaun, wêryn’t fan allerhande adellike famyljes fêstlein is hoe’t harren swannen merkt wiene om sjen te kinnen by hokker hûs se hearden: de bisten krigen in pear sneedsjes yn ’e 16 | Mandeguod december 2024

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication