27

fan no de Mantgumers dan ek oproppe om ris nei te gean oft der ek ien is dy’t it bestjoer oanfulje wol, om mei te helpen it hiele TTeK-barren foar de kommende jierren wer feilich te stellen. Of om mei te tinken oer miskien in hiele oare opset fan it barren, want yn dizze ûnwisse tiden stiet neat mear fêst foar de takomst! Jimme kinne jim altiten opjaan by ien fan ’e bestjoersleden, of fia frisia1874@gmail.com. Ut namme fan it bestjoer, Liuwe van der Meer Frisia 1874 – Loterijprijzen TT&K Bij de verloting tijdens “Tusken Tsjerke en Kroech” van Toneelvereniging Frisia zijn enkele prijzen nog niet opgehaald. Het gaat om de volgende lotnummers: 334 339 290 De prijzen kunnen worden opgehaald bij: ’t Kappershûs De Finne 2, Mantgum. Us hûs òf ús tún wie ien fan de lokaasjes fan Tusken Tsjerke en Kroech. Leuk, tochten wy, it is simmer, it kin moai achter yn de tún. Douwe de Bildt soe ferhalen fertelle by ús. Prachtich, en ik hie al in moai hoekje yn ús tún útsocht, by de fiver, lekker smûk plakje. It fiverterras en it paad neist it hûs hie ik al skjinskrobbe foar it publyk. Mar it waar… It waaide nochal wat. “No”, liet Douwe my fan te foaren witte, “ik bin wol wend om tsjin de wyn op te praten, nei al myn jierren yn it Jorwerter iepenloftspul.” Mar dy middeis om in oere as 4, ha David en ik dochs mar besletten om de keamer yn stelling te bringen. En mar goed ek, want letter op ‘e jûn waaide it dat it rikke. En yn de keamer siet it moai smûk. It publyk siet oandachtich te lústerjen nei Douwe syn smoute ferhalen. En wysels ek! David en Lys Scarse Mandeguod juli/augustus 2024 | 27

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication