39

Om’t ús hûs op it stuit in skilderbeurt kriget, moast it koperwurk fan ’e doar. Dat doarde ik earder net omdat ik de konstruksje fan it klinkwurk net koe, mar troch in foto op in side mei twaddehâns boumateriaal seach ik hoe’t de klink wurke; hiel simpel dus! En sadwaande haw ik se no beide skjinmeitsje kinnen. Oan beide kanten fan ’e doar sit itselde mekanyk en oan ’e binnenkant is te sjen dat ek beide al in kear repareard binne, mei strookjes koper en flink wat soldear. Ik haw ris sjoen oft se noch makke wurde, mar de tiid fan koperen winkeldoarklinken is foarby, winkels mei sok koperwurk wurde sletten en sloopt en yn ’e nijbou sitte meastentiids dan elektryske skodoarren. Ik haw nochris frege by Rauwerda en ek dy koe se net mear leverje. Se wisten noch wol wat ik bedoelde, mar dan hâldt it op: “Se wudde niet mear maakt. Want wie opent noch un winkel?” En dêrmei is yndertiid ek it lot fan ’e koperen-doarklinkje-jitterij besegele. Ik haw se hielendal skjinkrigen, se kinne wer hûndert jier mei. Liuwe van der Meer Openingstijden: Zondag en maandag gesloten Dinsdag t/m/ vrijdag van 10.00 tot 17.00 uur Zaterdag van 10.00 tot 13.00 uur Mandeguod juli/augustus 2024 | 39

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication