Fierder in skilderij fan Peazens-Moddergat bûtendyks, dêr’t Popke en ik graach kuieren. Skildere troch myn skoansuske Geartsje van der Zee. Yn it trepsgat nei boppen hingje ynliste posters fan teateren toanielfoarstellings dêr’t Popke yn meispile hat. Boppe op myn hobbykeamer is’t hielendal in bûnt gehiel fan papieren dingen en ôfbyldings dy’t ik graach om my hinne haw. Gjin ‘keunst’, mar gewoan ansichtof tagongskaartsjes of foto’s dy’t my wat sizze, mar dy’t foar in oar mooglik sa floepsty by it âld papier kinne soene. Dêr haw ik ek in ‘portret’ fan mysels dat keunstner Jacqueline van Leeuwenstein foar my makke hat doe’t ik fyftich waard. Ik haw besocht dy ôfbylding letter as profylfoto op Twitter te brûken, mar dy ôfbylding kaam net troch de sensuer. Jacqueline hat yndertiid de yllustraasjes makke fan it Ytboekje, in berne-itensiedersboekje, dat sadwaande. (Net mear te bestellen yn ‘e boekhannel, mar wol by my thús). Alle goeds, Wieke de Haan. Oare kear lit Aukje Winsemius sjen wat der by har oan ‘e muorre hinget. Mandeguod juli/augustus 2024 | 59
60 Online Touch Home