Gibbeflecht, bin ik wer werom op de His. En jawol op nûmer 22. Werom by ôf, om samar te sizzen. It is yndie itselde adres, mar der is wol it ien en oar feroare. Ik stean no myn iten te sieden op it plak wêrt ik eartiids ûnder de brûs stie en ik wenje dêr no mei in oare man. Net alinne it hûs en de man binne feroare, mar ik selts bin ek feroare. 30 jier lyn wurke ik by de Friesland Bank en nei wat tuskenstasjons as ferkeapster en merchandising foar wat winkels wurkje ik no al wer hast 14 jier op ROC Friese Poort, as dosint foar de opliedings Pedegogysk Meiwurker en Underwiis assisint. Hiel wat oars dus. Dêrnjonken bin ik yn de jûnsoeren as in inkelde sneon ek noch EHBO en reanimaasje dosint. Nei de HAVO woe ik dosint Ingels en Dútsk wurde. Mar ik koe doe oan’t wurk komme by de bank. Heit sei doe: “doch dat mar famke, yn it ûnderwiis is gjin takomst”. Sa sein, sa dien. Mar jierren letter, doe’t ik plintsjes oant skilderjen wie yn de doe te bouwen Wjukken, spruts ik mei Grietsje de Vries. En sy frege of’t it net wat foar my wêze soe om EHBO dosint te wurden. Dit like my wol wat. Dit petear wie op tongersdei temoarn, de sneons die ik talittingseksamen en de moandei te jûns siet ik op skoalle. Nei twa jier stúdzje en it diploma yn de bûse, koe ik oant wurk by de Friese Poort. Dêr die al gau bliken, dat alinne EHBO foar my net útdaagjend genôch wie, dus nei oerlis mei de manager mocht ik foar de skoalle de stúdzje: Gezondheids Zorg en Welzijn folgje. It wie wol dreech om njonken de húshâlding en it wurk ek noch in HBU stúdzje te dwaan. Mar skoalle wie tige behulpsem, want yn it lêste jier krige ik stúdzje ferlof sadat ik de stúdzje in heal jier earder ôfslúte koe. Dat it únderwiis my yn de genen sit, die bliken op ien fan de examens bij de EHBO oplieding dy't ik die. Dêr siet in kontroleur fan it Oranje Kruis. Nei myn foarbyld les frege dizze man: "komsto oarspronklik fan Baard?" Doe't ik sei dat dat sa wie, krige ik as reakje: "Dan bisto ien fan Jan en Aaltsje. Do bist krekt itselde as jimme heit foar de klas". Moaier wurden hie ik yn tiden net heard. En ik moat noch altyd sizze, it ûnderwiis past my as in jas. Ik belibje der in bulte plesier oan. Wurkje mei jong folwûksenen, dy't hiel faak noch net witte wat se krekt wolle. Besykje se te begelieden nei it einstasjon fan harren oplieding, as eft. begeliede mei de oerstap nei in oare oplieding. Besykje dat se nocht krije oan harren oplieding. Mandeguod 9
12 Online Touch Home