13

Fansels slagget dat net altyd, mar ik fyn it in geweldige útdaging. Fan my sels fyn ik dat ik begien bin mei 'myn' studinten. Dat betsjut ek, dat it wurk net stoppet as je it skoalgebou út rinne. It binne faaks lange dagen, mar dêr ha ik sels foar keazen. Mar ik fyn, je moatte der foar de studinten en harren âlders wêze. Ik skilje net alinne as it net goed giet, guon âlden stjoer ik geregeld in mailtsje om te sizzen dat it goed giet mei harren bêrn. Dit binne dan faak âlders dy't yn't ferline in protte swirrigheden mei harren bern op skoalle hâwn ha. Ik bin ek altyd berikber. De studinten dy't ik begelied, hawwe myn mobile nûmer. En earlik is earlik, se skilje alinne mar as der wier wat is. Ik bin foar MBO begrippen misskien wol âlderwetsk, mar ik gean ek noch wolris op húsbesite. Ik krij dan faaks in folle better ynsjoch yn de eft. swirrigheden dy't der om in studint spylje. Underwiis is in geweldich en/mar ferantwurdlik berop. Doe't ik sa’ n twa jier lyn frjemd yn de klasse reagearre op in studint, bin ik by mysels te riede gien. "De Groot, dit giet net goed. Misskien ris in ôfspraak mei de húsdokter meitsje?". Dy ôfspraak wie der earder as ik tocht. De dei dêrnei, sakke ik thús troch myn skonken en lei op’ e flier. Krûpende nei de tillefoan en de dokter skille. Ik koe dyselde dei noch komme. Konklúsje wie koart. “Do hast in burnout en bist foarlopich thús en dus noch net fan my ôf”. En dêr sitte je dan, hielendal oan mei jinsels. Efterôf besjoen wie it net ferwûnderlik. Jierren mantelsoarger west foar ús mem. Doe't sy ein 2014 stoar, foel dat fuort en wie ik, njonken it ferlies, oan mei de frije tiid en mysels. Ek saken út it ferline begûnen wer op te spyljen. De húsdokter hie gelyk. Ik haw in jier thús sitten en hiel hurd mei mysels oan't wurk west. Dit koe ik net allinne en haw dêr de nedige help en hânfetten by nedich hâwn. (psychothearapeut, haptonomie, fysio en in alternatieve geneeswize). Somtiden haw ik my ek wol ôfrege: "wurdt it ea wer wat?" Lokkich kin ik nei sa'n oardel jier letter sizze: "ja, it is wer wat wurden en ik haw der fan leard". It is noch net hielendal sa as it wêze moat mar it begjint der hyltyd mear op te lykjen. Myn earste doel, wer yn myn 80% baan folslein oan't wurk is slagge. No doel twa en trije noch: net mear op de elektryske mar gewoane fyts nei skoalle en miskien wer ris wat kilo's kwyt :-) Mandeguod 11

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication