21

Konsert Trio Dionysus op 6 maart yn de Wjukken Foar de 4e kear organisearre Senioren Platvorm Littenseradiel (SPL) de ôfrûne moannen in searje middeis “Luisteren /Kijken naar Muziek” fersoarge troch muzykkenner/resinsint Rudolf Nammensma. As ôfsluting fan dy searje waard keazen foar in Maitiidskonsert; op rekommandaasje fan Nammensma hat de kultuerkommisje fan de Wjukken it Trio Dionysus foar dit konsert frege. Dionysos wie in mytologyske Grykse god, foaral bekind as god fan de wyn – yn it Gryks ek wol Bakchos !!!! neamd. Trio Dionysus wurdt foarme troch Geppy Haarsma (akkordeon), Irene de Boer (fioele) en Siet Dunselman (piano). Bûtendoar foelen sa no en dan winterske buien mar it wie yn de Wjukken mei in foech 50 muzykleafhawwers tige smûk te wêzen. Doe’t it trio it earste nûmer fan Ástor Piazzolla spile wie de toan fuort set, it fjoer spatte der ôf. Letter yn it programma soene noch in tal komposysjes fan dizze tango spesjalist spile wurde. In protte minsken binne foar it earst yn oanrekking mei Piazzolla kommen op 2 febrewaris 2002 by de brulloft fan doe noch prins Willem-Alexander en prinsesse Maxima. Dan sjogge jo wer de triennen oer de wangen fan Maxima rôljen doe’t op de bandoneon it nûmer Adiòs Nonino spile waard troch Carel Kraayenhof. Geppie Haarsma fertelde dat Piazzolla net allinne tango’s komponearde, hy hat ek in opera skreaun. Om de produksje mooglik te meitsjen moast hy al syn sparjild ynsette en syn hûs ferkeapje. Úteinlik is hy hjir troch yn it faillissemint rekke. Mar it trio hat ek noch in great tal muzykstikken fan oare komponisten foar it fuotljocht brocht, fan bygelyks fan de jongste soan fan Bach en fan Khachaturian (foaral bekind fan de Sabeldans). Wy hawwe genietsje kinnen fan in firtuoas optreden fan trije rasmuzikanten, Wat in fingerfluchheid en wat pasje dy trije ynstruminten perfekt by elkoar. Nei it optreden wie in steande ovaasje fan it opteine publyk dan ek tige op syn plak, ek nei in lytse tajefte giene de oanwêzigen nochris stean. Siebolt Dijkstra Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication