16

Fuotbalfrywilligersútstapke 23 july jl. Moarns om healwei 10 setten we ôf by it NOKterrein, mei 9 man op de fyts nei de Galamadammen, der’t in sloep klearlei. Earst waarde der proviand en kofje ynslein, fersoarge troch Jappie en Geeske. Om 10 oere begûnen we de boatreis. Oan it roer stie erfaren stjoerman Jappie en ek nestor Geert koe de sloep prima bestjoere. Yn Warkum leine we de sloep oan foar in snackstop. Mei de magen fult mei snack giene wer oan board richting Hylpen- Hegemer Mar, wer’t we genietsje koenen fan in sylwedstriid. Nei de wedstriid giene we troch fia de Gastmer, Wâldsein en fia de Sleattemer Mar en de Luts fan Balk wer werom nei de Galamadammen. Om 18.00 kamen we wer yn Koudum oan, wernei we op de fyts nei âldemardum werom giene. Dêr stie by de Nostalgie in geweldich diner foar ús klear. It hat ús hearlik smakke. Al mei al wie it in supermoaie dei, mei in soad wille. Roelie Veen 11

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication