12

Doe’t dy earste stap dien wie, kaam it bestjoer noch mei it idee om de tsjerken dêr’t it koar al ris west hie in ôfskiedtsjinst oan te bieden ûnder Hindrik syn lieding. Fjouwer en fjirtich gemeenten réagearren op it oanbod. Sa wiene de sjongers en muzikanten tusken 27 maaie 2018 en 8 maart 2020 op fjouwer en fjirtich sneintemoarnen om acht oere yn ien fan dy tsjerken al dwaande mei de tarieding op in tema-tsjinst. Hindrik woe by syn ôfskied as tank foar harren grutte ynset oan de sjongers en muzikanten graach in klinkend oantinken jaan oan in prachtige tiid. Yn febrewaris fan dit jier binne dêrom noch in tritich lieten op cd set dy’t wikseljend ek songen waarden tidens de toernee. De lêste tsjerketsjinst fan de toernee wie op 8 maart de moarns yn in grôtfolle tsjerke yn Winsum. Doe koe der noch omraak songen wurde! De middeis by it offisjele ôfskied koe Hindrik sjongers en muzikanten de cd mei nei hûs jaan. De sneins dêrnei koe der fanwegen it firus net mear songen wurde. Fan in tal foargongers krigen wy no troch dat de cd yn dizze corona-tiid hiel goed meihelpe kin om it sjongen yn tsjerke geande te hâlden. De tekst kin op de beamer of op de liturgy setten wurde, wylst it sjongen fan it Kwartettekoar klinkt. Dat wie foar ús de oantrún om de cd mei tekstboekje ek offisjeel tsjin kostpriis beskikber te stellen. De priis is 10 euro ynklusyf porto. Wy hoopje tige dat Jo der gebrûk fan meitsje sille. Mei freonlik groetnis, it cd komité fan it Kwartettekoar, Lineke Bakker, Frieda Ligthart, Hieke Wierda, Wiebe Wierda, Hindrik van der Meer. De cd kinne jo fia it folgjende e-mail adres bestelle: wijbewierda@gmail.com Wiebe Wierda, Hoofdweg 9, 9112 HG Burdaard Nei de bestelling krije Jo it skyfke tastjoerd mei it rekkennûmer foar de betelling. It 12

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication