47

WatersporT Havenynformaasje De 4 gemeentlike jachthavens Grou Wy hjitte jim fan herte wolkom yn de 4 gemeentlike havens fan Grou. As besiker kinst yn de 4 gemeentlike havens oanlizze. De Pikmarhaven, de Hellingshaven, oan de Nieuwe Kade en de Suderkade. It sintrum fan Grou leit yn it midden fan dizze 4 havens op in kuierke ôfstân. Op de steigers binne foarsjennings foar elektrisiteit, wetter en ôffal. De Pikmarhaven Yn it Havenhûs (Meersweg 9a) fynst de sanitêre foarsjennings. Iepen foar passanten yn de gemeentehavens, de toiletten binne allinnich fia in tagongskoade te brûken. Dizze koade fynst werom op dyn oernachtingsbewiis. De sanitêre foarsjennings fan it Zeilcentrum hearre net ta de gemeentlike fasiliteiten. Dizze binne iepen fan 07.00 – 22.00 oere en ast wolst krijst hjirfoar in tagongskoade, kosten gebrûk fan de dûsen € 1,-. It ôffal kin stoarten wurde yn ien fan de rekreative ôffalkontainers op ferskate plakken yn en rûnom de haven. De Hellingshaven In smûke haven foar sawat 40 boaten mei in maksimale lingte fan 12 meter. Tink derom! Op dit stuit wurdt hjir boud. Yn de Hellingshaven binne aparte toiletten; de dûsen binne it tichtsteby yn it Havenhûs en ûnder de muzyktinte op it Halbertsma ’s Plein: yn de moannen juny, july en augustus iepen fan 07.00 – 22.00 oere, dêrnei binne se sluten. It ôffal kin stoarten wurde yn ien fan de rekreative ôffalkontainers yn de haven. De Nieuwe Kade Mei sicht op de Sint Pitertsjerke, lizze jo yn it âlde sintrum fan Grou. De sanitêre foarsjennings binne it tichtsteby ûnder de muzyktinte op it Halbertsma ’s Plein. It ôffal kin stoarten wurde achter de houten skutting op de steiger yn de rekreative ôffalkontainers. De Suderkade Mei sicht op de Sint Pitertsjerke, lizze jo yn it âlde sintrum fan Grou. De sanitêre foarsjennings, it tichtsteby, binne ûnder de muzyktinte op it Halbertsma’s Plein. It ôffal kin stoarten wurde achter de huzen oan de Suderkade, berikber fia de trochgong tusken de twa huzeblokken. Smoarchwetterôffier Mooglikheden om de smoarchwettertank te leegjen kin oan de FRO-kade yn de Hellingshaven en by steiger C yn de Pikmarhaven De griene lienfyts Foar ús passanten ha we de griene lienfyts klearstean. Dizze kinne jo brûke foar in ritsje nei de apteker, de bibleteek of it stasjon. In ekstra service fan ús havenmeesters, freegje harren nei de mooglikheden. Havenjild, wettertoeristenbelesting en foarsjennings Nei oankomst kinne jo jo fanôf 14.00 oere melde op it havenkantoar, de havenmeester komt ek by jo del. It lisjild foar in oernachting is € 1,40 de meter. De kosten foar stroom, wetter en sanitêre foarsjennings binne yn it havenjild ferwurke. Utsein by it brûken fan dûsen yn it Zeilcentrum (€ 1,-). Ut feilichheidsomtinken wurdt frege om mei de pinpas te beteljen, kreditkaart of mei de betelApp op jo eigen telefoan (as jo de banksaken mei de telefoan regelje). De tagongskoade foar de gemeentlike sanitêre foarsjennings, stiet op it betellingsbewiis. Stel jo op de hichte fan it havenreglemint, dat yn it Havenhûs yn te sjen is. ‘t Havenhûs Meersweg 9a 9001 BG Grou M: 06 5315 1298 E: havenmeestergrou@outlook.com Iepeningstiden: 1 april oant 1 juny & 1 sept. oant 1 nov. 08.30 – 10.00 uur 14.00 – 19.00 uur 1 juny oant 1 sept. 08.30 – 11.00 uur 14.00 – 20.00 uur    havengrou 47

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication