100

gerstronaut as jonkje fan twa hie ik der gjin wurden foar it lânskip fan wolken sleatsjes en gers dat my nei de finsterbank luts it nûge my út om earne yn op te gean om earne yn wei te reitsjen en tagelyk by mysels te wêzen it iepene in rûmte yn my wylst ik op it springkessen fan ’e wolken stuitere waard ik ferteld troch wat ik seach song troch de wyn dy’t it blêd fan in sulverling omflapte yn reid en stjonksigaren lispele ik hoegde it net te betinken de wide loft en greide by ús foar hûs it fan ’e terp ôfrôlje oant alles yn my draaien bleau by pake en beppe op ’e klaai de dunen de bosk de weagen om yn te dûken en út op te dûken swarte nachten mei spjeldepripkes ljocht fan fier fuort en lang lyn alles dat dêrnei kaam dêr’t ik liiflik oan dielnaam it my foar de wyn en der tsjinyn de boeken en in takomst yntraapjen hat it my echt mear leard as it wurdleaze boerelân dat my as jongfee op ’e stâl fan thús achter de ruten of op ’e rêch yn ’e tún mei in gerske yn ’e mûle eachweidzje liet? Ode aan het Friese landschap 98

101 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication