131

Skûtsjesilen Sneon 18 juli is de earste wedstriid fan it SKS-kampioenskip Skûtsjesilen. Dit jierlikse evenemint kinst yn Grou fan start oant finish belibje. Tradysjegetrou lizze de 14 skûtsjes in oere foar de start yn it sfearfolle sintrum fan it doarp. Dan wurde de skûtsjes yn ien lange sleep troch in sleepboat nei de start brocht foar de wedstriid op de Pikmar en Wide Ie. Net allinnich de wedstriid, mar ek de sleep nei de start lûkt elk jier op ‘e nij tûzenen besikers. Op it wetter is it dan ek altyd hiel gesellich en nei de wedstriid is it yn Grou ien grut feest. Prachtich moaie tradysje sûnt 1854 Yn 1854 waarden yn Grou al wedstriden foar beurt- en frachtskippen holden. Doe waard der foaral syld as de skippers gjin fracht hiene om sá noch wat te fertsjinjen. De sylferienings Oostergoo en Frisia hiene noed foar dizze wedstriden. Letter waard yn 1929 de Kommisje Skûtsjesilen Grou oprjochte, dy ’t de wedstriden organisearre. De Skûtsje Kommisje kocht yn neifolging fan Earnewâld en Snits yn 1957 sels in skûtsje. Sa is it tradysjonele wedstriidsilen mei histoaryske frachtskippen bewarre en útgroeid ta in jierliks sylkampioenskip tusken 14 wettersportdoarpen en –stêden. Mei skippers oan it roer, ôfstamjend yn rjochte line fan ‘skûtsjefamyljes’ dy ’t yn de foarige ieu minstens tsien jier yn Fryslân har brea fertsjinne ha mei in frachtskip. Wurdt ‘It Doarp Grou’ wer SKSkampioen? Douwe Visser stiet sûnt 2005 oan it roer fan it Grouster Skûtsje. Yn it earste seizoen waard Visser mei syn bemanning fan ‘It Doarp Grou’ kampioen fan de SKS. Dit herhelle hy yn it sylseizoen fan 2009. Yn 2011, 2012 en 2013 waard hy twadde. Yn 2014 waard Visser op ‘e nij kampioen en yn 2015 en 2016 behelle hy it tredde plak. Yn 2017 en 2018 koe de kampioenswimpel op ‘e nij yn top. Of ‘It Doarp Grou’ dit jier op ‘e nij beleanne wurdt mei de kampioenswimpel fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen, witte we nei de lêste wedstriid, dy ’t freed 9 augustus op de Snitsermar syld wurde sil. IFKS Skûtsjesilen Neist it SKS-kampioenskip binne der de ‘Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen’ (IFKS). Dit kampioenskip is foar 60 oant 65 IFKS goedkarde skippen yn fjouwer ferskate klassen. De IFKS is oprjochte omdat in protte skûtsje eigners net talitten waarden ta de SKS. De IFKS start jierliks op de Iselmar by Hynljippen, yn de wike nei ôfrin fan it SKS-Skûtsjesilen. 129 festiviteiten

132 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication