activiteiten / festiviteiten Skûtsjesilen It SKS-kampioenskip skûtsjesilen wurdt tradysjegetrou yn de noardlike boufakfakânsje hâlden. Us fjirtjin SKS-skûtsjes sile yn 2023 fan 5 oant en mei 18 augustus alve wedstriden op tsien ferskillende plakken yn Fryslân. De fjirtjin skippers stride ûnder it kampioenskip om it Sulveren Skûtsje en de ivige rom. It SKS-kampioenskip wurdt op freedtejûn foar oanfang fan it kampioenskip yn de tinte op it Halbertsma ’s Plein yn Grou iepene mei de tradisjonele lotting. Skippers lûke lotsjes út de pet fan Fokke Wijkstra en sa wurdt de startfolchoarder fan de (wâl)starts by De Feanhoop en Earnewâld bepaald. Noch in prachtige tradysje: sleepboat Argus bringt de fjirtjin skûtsjes foar oanfang fan de earste wedstriid by Grou yn in lange sleep nei de Pikmar. De finale is twa wiken letter by Snits op de Snitser Mar, dêr ’t de winners huldige wurde op it Starteilân en de kampioen it Sulveren Skûtsje útrikt krijt. Op de plakken dêr ’t de SKS-skûtsjes sile, komme skippers moarns om 11.00 oere byinoar foar de rûtebesprekking. Nei ôfrin fan de wedstriid wenje se tegearre mei bemanningen en famylje de priisútrikking by. Oeral dêr ’t de skûtsjefloat oan leit, is it feest! Op alle plakken hawwe lokale organisaasjes festiviteiten om it skûtsjesilen hinne organisearre. Oranje wimpel De SKS-wedstriden lûke jierliks tûzenen besikers. It publyk kin fan de wâl ôf of yn in boat(sje) efter de reade boeien op it wetter wei de silerij goed folgje. De fjirtjin platboaiems binne te werkennen oan in merkteken yn it seil. It teken ferwiist nei it plak dêr ’t it skûtsje weikomt of nei de eigener fan it skip. De lieder yn it klassemint fiert in oranje wimpel oan de opstekker. De measte skûtsjes yn de float binne sa’n 100 jier âld. Mei de platboaiems waard ûnder oaren turf en terpierde ferfierd. De skippers wennen mei harren gesinnen oan board fan de skippen. Simmerdei skreaune kastleins sylwedstriden út wêr ’t de skûtsjeskippers oan meidiene om wat ekstra ynkomsten te fertsjinjen. De hjoeddeiske SKS-skippers stamme ôf fan it Fryske skipperslaach. Sy sette harren, lykas harren foarâlden, mei in soad passy yn foar it skûtsjesilen. Dat dogge se tegearre mei bemanningen, harren famylje en tal fan frijwilligers. Dêr binne we as feriening dan ek grutsk op! Ymmaterieel erfguod Sûnt april 2021 stiet it ‘SKSkampioenskip Skûtsjesilen’ byskreaun yn de ”Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland”. In bekroaning op it wurk fan skippers, bemanningen, frijwilligers en leafhawwers fan de âlde platboaiems dy ’t bergen wurk fersette om it ‘SKS-kampioenskip Skûtsjesilen’ yn stân te hâlden! SKS Skûtsje app De Skûtsje app jout ynformaasje oer de wedstriden fan de SKS en befettet ynformaasje oer alle dielnimmende skûtsjes. It skûtsjesilen binne Fryske sylwedstriden mei skûtsjes (histoaryske frachtsylskippen). Elk skûtsje hat in unyk sylteken, hjiroan kinne jo it skip fan de wâl ôf werkenne. Jo kinne de SKS Skûtsje app downloade op www.skutsjeapp.nl. 127
128 Online Touch Home