Wolkom yn Grou De Boargemaster hjit jo wolkom Prachtich lizzend oan it Prinses Margrietkanaal en de Pikmar leit wettersportdoarp Grou. In blauwe pearel, ûnderdiel fan de gemeente Ljouwert. As boargemaster hjit ik jo fan herte wolkom. Ik ried jo oan om derop út te gean. Bygelyks nei it Halbertsmahûs oan it Halbertsma’s Plein 4. Hjir wenne nammentlik de famylje Halbertsma, in foaroansteand Frysk patrisiërsgeslacht. De famylje is bekend om har grutte ynfloed op de Fryske kultuer en om harren houtfabriken. Wat jo ek dwaan kinne, is in besite bringe oan de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert. Underweis dêrnei ta krije jo út de trein wei, de auto of op de fyts in hiel moai byld fan wat ús gemeente te bieden hat. Mei de boat binne jo oars ek fan herte wolkom yn de haadstêd fan Fryslân. Jo kinne der nammentlik oanlizze yn de moaiste natuerlike jachthaven fan Nederlân, de Prinsetún. Sa sjogge jo mar, neist de wettersport en it gesellige sintrum is der noch folle mear moais yn en om Grou hinne te belibjen. It is in doarp fol ferhalen. Dêrom bin ik der grutsk op dat Grou no goed 12 jier ta ús gemeente heart. Jo lêze mear oer Grou yn dit moaie magazine. Sybrand van Haersma Buma Boargemaster gemeente Ljouwert 6
9 Online Touch Home