8

Wolkom yn Grou De Boargemaster hjit jo wolkom Grou is in plak, wêr ’t alles wüst op wettersport. Dat kin ek net oars, te sjen oan de lizzing yn ìt hert fan it Fryske wetterlân. Troch de oersichtlike marren en fearten en it wrydske lânskip is Grou fansels in favoryt oanlisplak foar alle wettersporters. As begjinpunt, tuskenstop of einbestimming, Grou is in net te missen hichtepunt yn dizze wettersportprovinsje. Jo fine der alle yngrediïnten foar in slagge fakânsje, in wykeintsje fuort of een hearlike dei derop út. Grou is dan ek in karakteristyk doarp mei in gesellich sintrum mei noch âlderwetsk smûke winkeltsjes en meardere restaurants mei sfearfolle terraskes likegoed yn it sintrum as oan de wetterkant. Yn de simmermoannen wurde yn en om Grou tal fan eveneminten organiseard, sadat der foar besikers én ynwenners altyd mear as genôch ferdivedaasje bean wurdt. En mochten jo Grou net genôch fine? Dan binne Ljouwert en de Alde Feanen fuort by om krekt de dynamyk fan enerzjyrike haadstêd fan Fryslân te ûndergean of it rêstjowende fan it ta Nasjonaal Park kroande natûrgebiet. Genietsjen fan alle nijsgjirrichheden yn en om Grou ferget in noflike ynspanning dy ‘t allinne ta folsleine ûntspanning liede kin. Yn dit magazine is in soad nuttige ynformaasje te finen oer it doarp, it rike ferienigingslibben en alle eveneminten, dy ’t der de kommende tiid organisearre wurde. Doch dêr jo foardiel mei en nim de tiid om Grou en wide omjowing ta jo trochkringe te litten. Mocht dat net yn ien kear slagje – en dy kâns is libbensgrut oanwêzich – dan binne jo in folgjende kear op syn minst sa wolkom yn Grou. We sjogge jo ommers graach (wer). Sybrand van Haersma Buma Boargemaster gemeente Ljouwert 8

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication