By dit ôfskied wolle wy se graach betankje foar harren jierrenlange ynset foar de tsjerke fan Itens-Hinnaard en wat sy, fan út de tsjerke, betsjutten hawwe foar de mienskip fan de doarpen. Elkenien út de Fjouwer doarpen is wolkom foar een hapke en in drankje dizze middei! Mei freonlike groetnis, Harrie, Sebastiaan, Johannes, Anke en Ans, Tsjerkerie Itens-Hinnaard. Begraffenisferiening ‘De Lêste Ear’ fan Itens en Hinnaard is foarby Opskreaun troch Wietske Dijkstra Op 5 april 2022 is op de twadde ledefergadering it beslút naam om de feriening per 1 jannewaris 2023 te beëindigjen. It is in feriening mei in skiednis fan mear as 100 jier. Mei sa’n lange tradysje ophâlde falt net ta. Yn 2018 binne we noch in skoft yn petear west mei de begraffenisferiening fan Lytsewierrumen/ Rien. Mar nei dizze petearen hawwe sy besletten net fierder te gean as feriening. Wy binne doe noch trochgien, mar tinke no dochs dat it better is net fierder te gean. As bestjoer hawwe we al ús leden yn’e gelegenheid steld om te stimmen, en we hawwe se op’e hichte hâlden fan de ûntwikkelings. No’t it beslút fallen is wolle we ek graach alle minsken fan ús fjouwer doarpen op’ hichte bringe, en stilstean by dat wat west hat. Dêrfoar hawwe Jehannes en Gryt van der Brug en Wietske Dijkstra de boeken der op neislein. Want der binne troch de jierren hinne prachtige notulen skreaun dy’t de tiidsbylden werjouwe. Fan Hinnaard binne der notulen fanôf 1936 en fan Itens fanôf 1940. Op’e foto’s kinne jo sjen hoe moai as minsken skriuwe koenen. Sa moai kinne we it hast net mear. We binne koarter en bondiger yn it skriuwen wurden en we type it no faak. Yn 1908 waard de begraffenisferiening Hinnaard oprjochte troch S Hylkema, J Bosma, R Jorritsma, O Offringa en A Postma (foto). It doel wie om as mienskip foar elkoar te soargjen nei’t der ien ferstoarn wie. Yn’e boekjes en notulen sjogge we hoe’t de rikere minsken mear kontribúsje 15
16 Online Touch Home