5

Fan de redaksje Troch Watse Hèhè, no no, poe poe! Wat in simmer! Wat in hite en wat in bjusterbaarlik moaie feestjes ha wy hân! Yn dizze edysje fan it fjoer sjogge wy, hoe kin it ek oars, werom op alle festiviteiten yn de Fjouwer Doarpen. It begie fansels mei it altyd sa gesellige Rikkersfeest yn Rien en in wike letter hiene wy foar it earst yn lange tiid wer in wier doarpsfeest yn ús mienskip. Wat ha ik der fan geniete en neffens my in hiele protte minsken mei my. Fierder falt der fansels ek wer in protte oare saken te lêzen yn Diggelfjoer. Sa komme wy oan de hân fan Harmke yn 'e kunde mei Stanley, Brenda en Dylan, dy't nij kommen binne te wenjen yn Rien. Wy kinne ek lêze wêrom’t in feriening yn ús mienskiep it beslút nommen hat om dêrmei op te hâlden! Fierder lit ek ús oare gastredakteur Jurjen wêr fan him heare en komme wy mear te witten oer de hobby's fan doarpsgenoat Ynze Jorritsma. Foar ús as redaksje slute wy mei dizze Diggelfjoer ek in drok jier ôf. Foar jimme leit nammentlik it earste nr. fan de 41 ste jiergong fan it Diggelfjoer! It jubileumjier ha wy ôfsletten troch ein juny in ekstra dik jubileumnûmer persoanlik by jimme del te bringen. Foar wa't ús doe mist hat, stiet hjirnjonken noch in aardige foto. Mei alle drokte en in diel fan ús redaksjeleden noch yn it bûtenlân, is it boekje fan septimber faak it dreechste boekje om ynhâld oan te jaan. Fakânsjes; ferienings binne noch net begûn of hawwe it smoar drok; de skoalle is noch ticht ensafh. Wy binne dan ek tige bliid mei de ynbring fan gastredakteuren lykas Harmke en Jurjen. Ha jo ek nocht om sa no en dan in stikje te skriuwen? Bliuw der net mei omrinnen, mar lit it ús witte. Begjin novimber ferskynt de folgjende edysje fan Diggelfjoer. Dan sil der ek wer in slúfke ynsitte. Dêrmei freegje wy de ynwenners fan de fjouwer doarpen om ús te stypjen mei in frijwillige bydrage. Dizze aksje hâlde wy globaal ienris yn de twa jier. Fierder ferwachtsje wy om dy tiid hinne ek mear nijs fan de feestkommisje. In protte lêsnocht tawinske! Watse, út namme fan de redaksje. 5

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication