6

It wie Tiede van der Velde op de bernefoto fan de lêste Diggelfjoer! Dizze kear wer in kreas keardeltsje. Wa is dit? Jo, de ko, en de ljip sitte allegear yn’e ‘shit’ Troch Jurjen Fryslân is grut wurden mei de Fryske hynders, oer de hiele wrâld wurd d’r sjoen nei ús jierlikse keuring dy’t plak fynt yn it WTC. Mar neist dizze grutte bisten hipten d’r ek faaks wat lytsere bisten op it hiem fan de boer om: in Wetterhuon as Stabij. At we it oer Bijke hawwe hat elkenien it byld foar sich fan in Fryske stabij. Ik mei wol sizze myn ‘all-time favorite’ wat hûnerassen oanbelanget. Sels hiene wy ek altyd ien op it hiem rinnen, ek al wie se meastentiids drokker mei it sammeljen fan stiennen en it fangen fan mollen as it ferdigenjen fan de pleats... Hindere neat, wy wiene oe sa bliid mei us Bijke, dy’t by ús krekt oars hjitte moast, dus it waard it Sijke. It wie in hiele diskusje om ta in namme te kommen, mar it slagge nei goed oerlis. Op it stuit spilet d’r in hiele oare diskusje, it hiele stikstof ferhaal. Neffens D66 moat it oantal stik fee troch de helte, neffens boeren moat der kritysk sjoen wurde nei de deposysje wearden en nei de mooglikheden ta ynnovaasjes. De boeren hawwe rjocht fan sprekken, want sûnt 1990 is de deposysje al mei sa’n 45% delgong. Tel dêr by dat it oantal boeren mei sa’n 2 ta 3 prosint ôfnimt per jier. Sûnt 2015 binne it oantal kij mei sa’n 14 prosint fermindere. In lyts bytsje boereferstân en jo komme gau ta de konklúzje dat it hurd efterút giet. Mar at we earlik binne is dat net it iennichste wat efterút giet. We ha yn us lân 160 Natura 2000-gebieden. Dat binne (kwetsbere) natuer gebieden wêr beskerming hurd nedich is. Yn 120 fan dizze gebieden is de stikstofdeposysje te heech. Hjirtroch ferdwine planten dy’t fan in skrale grûn hâlde en krije wy foaral brânnettels en gers yn it plak. Lit dat no krekt net de moaiste planten wêze neffens leafhawwers... No sitte wy net sa ticht yn de buert fan in Natura 2000-gebied, it Snitsermar is de earste dy’t wy tsjinkomme. Ek hjir moat de stikstof útstjit nei ûnderen, neffens de boeren dy’t ik sprutsen ha gjin probleem, mits it yn goed oerlis giet. Sis mar krekt 6

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication