9

gastvrouw te zijn voor onze tafelgesprekken dan kan er een mailtje gestuurd worden naar webredactie@de4doarpen.nl Daarnaast zijn we als Doarpsbelang in gesprek met alle verenigingen binnen de fjouwer doarpen. Zo zijn Sippy Wiersma en Regina Hofstra aangeschoven bij onze vorige vergadering. Wat zijn de behoeften van deze verenigingen en waar kunnen wij als dorpsbelang iets voor hen in betekenen. Nu de coronagekte een beetje is gaan liggen en het activiteitenleven weer vorm krijgt zullen er weer meer bijeenkomsten, activiteiten en leuke workshops gehouden worden. FDD heeft er zin in! Neigenietsje Wie it no 9, 13 of noch langer lyn dat wy in 'echt' doarpsfeest yn 'e fjouwer doarpen hiene?Wy witte it wier net en earlik sein is it ek net mear sa hiel wichtich om út te sykjen. Wy ha ommers nije oantinkens opdien yn 2022! Minsken, minsken, wat ha wy in machtich moai feest hân! Ik sil earlik wêze. It gie net fansels en ik ha dêrom tidens de tarieding ek wolris sein: "dat ik it mar ien kear dwaan soe". Mar tsjonge jonge, as it dan sa slagget (en mei sit) en sa 'n protte minsken entûsjast binne of wurde... wat krije jo dêr dan in protte enerzjy fan! Wat hawwe wy fan jimme geniete! It leafst soene wy alle minsken en ferienings opneame wolle dy’t op de ien of oare manier meiholpen ha om it feest ta sa'n súkses te meitsjen. Mar wy doare it net oan. Wy binne bang dat wy minsken ferjitte sille, want it binne der gewoan te folle om op te neamen! Dêrom nochris oan jimme allegearre, oft it no in lytse of in hiele grutte ynspanning west hat: 'betanke, betanke, betanke!' De feestkommisje sels is noch altyd oan it neigenietsjen fan it feest. Okee, ek in bytsje oan it bekommen. Tagelyk sjogge wy foarsichtich ek alwer in lyts bytsje foarút nei in folgjende edysje fan it doarpsfeest. Hoe, wannear en mei wa, dat witte wy no allinnich noch net. Wy moatte it dêr sels earst noch oer ha. Mar dat it gjin 9 of 13 jier duorje sil foardat der wer ris in doarpsfeest komt, dat stiet neffens my wol fêst. Foar no litte wy jimme efter mei alle útslaggen en fansels alle foto's en fideo's dy't makke binne tidens de feesten. Sa kin elkenien, krekt as ús, 9

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication