12

In briljanten pear! Op 17 oktober 2022 wie it 65 jier lyn dat Jan Boonstra en Anna Wynia mei inoar trouden. Op harren troudei sjoch ik efkes om ‘e hoeke en docht my bliken dat ik net de ienige bin. Oan de kaai yn Rien hingje ferskate flaggen yn top en in ’e hûs by Jan en Anna is in protte besite. Om mar efkes oan te jaan hoe bysûnder in briljanten houlik is. It pear hat in skriuwen krigen fan it keningshûs, fan de Kommersaris van de kening en mei in goed wike sil ek de boargemaster by harren op besite komme. As dat gjin reden is foar in lyts stikje yn Diggeloer, dan wit ik it ek net mear. Kramershoek Jan en Anna treffe inoar rom 67 jier tebek. Anna wurket yn ‘e húshâlding op in pleats midden yn it lân tusken Tsjom en Kubaard en Jan wennet noch by syn âlden yn Kubaard. Hy is yn dy tiid tsjinstplichtige en tsjinnet as kanonnier by de marine. Sy moetsje inoar op Kramershoek, de krusing fan diken tusken de doarpkes Wommels, Kubaard, Spannum en Tsjom. Jan moat de oare deis wer nei de marine en hat syn tsjinst-unifoarm oan. Anna moat úteinlik wer nei de pleats dêr’t sy dan wurket en wennet. Foar alle jongelju is de dyk yn dy tiid it plak om inoar te moetsjen. Benammen op sneon- en sneintemiddei en op sneintejûnes sammelet de jongerein har mei dat doel op sintrale plakken. Mist Jan en Anna treffe inoar yn tsjokke mist. Jo sjogge dy dei amper in hân foar eagen. Jan biedt oan om Anna nei hûs te bringen en kriget by de doar as beleanning foar syn ynspanning en hoflikheid syn earste tút fan Anna. Sy prate ôf om in wike letter wer op Kramershoek te wêzen. Mar dan moat Jan wer thús sjen te kommen. Hy is dêr efteryn it lân net bekend en kin him troch de mist ek net mear oriïnteare. Hy ferdwaalt yn ’t it lân en komt pas in moai skoft letter en mei in smoarch unifoarm wer thús. Syn mem is net bliid mei de smoarge Marine klean en der wurdt wakker op om poetst om de oare deis noch in bytsje knap op it appèl te ferskinen. De wike ferrint mar tige stadich en mei troch dat it by harren earste moeting sa mistich wie, freget Jan him dy wike noch wolris ôf hoe kreas as dat famke no eins presys wie. Hie hy it wol goed sjoen? Of hie de mist him miskien it skerpe sicht ûntnommen? De sneins derop is Jan wer op Kramershoek te finen en krekt foardat hy de moed eins opjaan sil komt Anna ek wer op Kramershoek. 12

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication