It is it begjin fan wat útgroeie sil ta harren briljanten houlik. En de foto fan Anna hjir njonken, lit mar sjen dat Jan it yndied goed besjoen hie! Tige lokwinske mei jimme bysûndere jubileum. Dat jimme yn sûnens tegearre noch mar in protte jubilea fiere meie! Ofskie Troch Harrie Draaijer Op snein 18 september hat de Herfoarme Gemeente fan Itens-Hennaard ôfskie nommen fan Griet van der Brug, Popke Stegenga en Douwe Willemsma as tsjerkfâlden fan de Gemeente. It wie in bysûnder ôfskie omdat sy alle trije fanôf jannewaris 1998 dit amt útfierd hawwe. Al mear as 24 jier. De lêste jierren wienen sy noch mei har trijen. It wêrom gean fan de tsjerkgong koenen sy net keare. Dat is in lânlike ûntjouwing. Mar hja fûnen der meiinoar harren paad yn en mei help fan in wurkgroep (mei Anne-Marieke Dijkstra, Hindrik van der Meer, Willem Tsjerkstra en Douwe Willemsma) waard der fan septimber oant en mei maaie ien kear yn’e moane in fryske tsjerketsjinst hoden. Se bestjoerden de gemeente as wiere reginten fanút in doarpsfisy. De tsjerke moast in ûnderdiel bliuwe fan de doarpsmienskip! Doarpskafee en sportild binne der foar it doarp. It tsjerkelân bliuwt by de boeren út de omjouwing. Mei help fan subsydzjes steane de Martinitsjerke en de klokkestoel op Hennaard de prústich by. De lêste aksje wie it behâld fan de meniste tsjerke foar it doarp. Ek dy is mei help fan subsidzje restaurearre. De menisten meitsje der sels wer gebrûk fan en neist de doarpsbibliotheek fine dêr ek nije activiteit plak. As tank foar harren jierrenlange ynset hawwe sy in moai oantinken krigen. De nije tsjerkerie, Ans Booy, Anke Strikwerda, Sebastiaan Schippers, Johannes van de Brug en Harrie Draaijer sille fanút deselfde doarpsfisy it wurk fan dizze trije minsken trochsette. In een volgende editie van Diggelfjoer zullen we meer aandacht schenken aan het afscheid. Redactie 13
14 Online Touch Home