14

De wedstriid fan it jier… Troch Watse Sa no en dan docht him de kâns foar om as ´reporter´ foar it Diggelfjoer in ferhaaltsje te skriuwen oer eat dat him bûten de grinzen fan de fjouwer doarpen ôfspilet. Sa bedarje ik op 27 augustus samar yn in stik lân by Tsjalbert. It is it toaniel fan it Frysk kampioenskip ielrikjen en der dogge 1 en 3 kwart doarpsgenoat oan mei! It binne Douwe van der Weide en Paul de Bruin alias de Rienster Rikkers, dy’t al sa’n 20 jier lang by de klup fan fêste dielnimmers hearre. As ik it ild oprin docht bliken dat ik oan de betide kant bin. De wedstriid is nammentlik noch net earlik begûn. Ik tref wat minsken fan de organisaasje dy’t boekjes útdiele en fernim al gau dat men ek hjir tige bliid is dat koroana gjin beheinende faktor mear is. Oant 2 kear ta koe it kampioenskip fanwegen koroane net hâlden wurde. As immen myn notysjeboekje sjocht, krij ik fuortdaliks de fraach oft ik miskien fan de Ljouwerter Krante bin. Ik helje se fuort mar út de dream. “Nee, hear. Ik bin fan in tige lokaal krantsje en kom in pear fan myn doarpsgenoaten opsykjen, dy’t meidogge.”. As ik fierder rin fernim ik dat myn omskriuwing blykber noch te kriptysk wie en hear de iene tsjin de oare sizzen: “dat ik fan de krante fan It Fean wie”. Lit mar gewurde, tink ik. Sy moasten ris witte hoe grut ús oplage is! Ik gean op syk nei Douwe en Paul en sjoch al gau dat de beide ‘atleten’ tichtby de tinte stean op ien fan de moaiste plakken fan it ild. It wurket hjir blykber sa dat wa’t it earst komt ek it earst in plakje útsykje mei. Sa stean alle favoriten en alle minsken dy’t behalve meidwaan ek graach in ieltsje ferkeapje wolle, byinoar op in klútsje en ek tichtby de tinte. Steatsgeheimen of dochs frije parse? Hoe liket it eins mannen, mei ik aanst alles wol besjen en opskriuwe? Of is der sprake fan geheime reseptuer dy’t perfoarst net yn hannen fan de konkurrinsje komme mei? 14

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication