17

in priis foar it moaiste gehiel yndied net safolle sin hat en eins allinnich troch ‘ús’ Rienster Rikkers wûn wurde kin. Efterop it ild wurdt it my wol dúdlik dat hjirre de outsiders en gelegenheid rikkers stean. Sommigen binne dúdlik noch net sa lang op it ild, wylst Douwe en Paul hjir om 8 oere al wiene. De kreamkes binne hjir ek in stik beskiedener dan yn it kampioenshoekje. Dielname is hjir fêst wichtiger dan winne en in bûtenkânske om wat iel te ferkeapjen. Hielendal oan de ein fan it ild tref ik dochs noch in pear jongkeardels oan dy’t in pear prizen op harren tafel stean ha. Soe der dochs noch in potinsjele titelkandidaat yn dizze úthoeke stean? Ik freegje de beste man efkes nei syn bekers, mar dan komt de aap út de mouwe. “De iene beker ha ’k in kear wûn mei biljerten yn ’e kroech en dy oare is neffens my in priis dy’t myn dochter wûn hat mei judo. It moat ek wat lykje no! Dy mannen dêr foaroan slepe soms in hiele doaze fan dat blik mei. Lykwols binne sy ek noch wol handich hear. Sy soargje derfoar dat it kleedsje net fan myn taffeltsje ôfwaait.” Mei in laits op myn gesicht kom ik wer werom by de Rienster Rikkers. It is yntusken 12:00 oere wurden en no wurdt ek dúdlik dat ik dochs op in wier Frysk Kampioenskip bedarre bin en net op de ien of oare bradery. Alle dielnimmers wurdt frege nei de tinte te kommen en dan klinkt nei in koart wurdsje fan wolkom ynienen it Frysk folksliet út in pear lûdsprekkers. Tagelyk mei de muzyk wurdt sels de Fryske flagge yn top lutsen. As de seremoanje west hat rint elkenien wer werom nei syn plakje en mei men it oer yn de tonnen oanstekke. It giet oan! Ek Paul en Douwe komme no yn de wedstriidmodus. De measte grapkes binne efkes op, want de kop moat der no al efkes by. It oer wurdt oanstutsen en dan moat de tonne op temperatuer brocht wurde. Dat slagget by Douwe earst noch net sa bot. As syn termometer stikken blykt te wêzen komt der sels efkes in krêftterm oan te pas. Mar dizze perfeksjonist is fansels op alles taret. Hy docht in graai yn in kiste en hat sadwaande al gau in oare termometer te pakken, ien dy’t it wol goed docht. As Douwe syn tonne in hoartsje letter ek wat better oan de praat hat, is der wer wat mear tiid om fragen fan my en in inkele omstanner te beäntwurdzjen. Hoelang dogge jimme eins al mei oan dit kampioenskip? Douwe: “Hoelang wit ik net krekt. Ik wit noch wol dat wy earst in kear west ha te sjen en dêrnei tochten: ‘dat kinne wy ek wol’.” Mar dat pakte oars út. Yn it earste jier waard ús iel net iens beoardiele! Dat wie foar ús it startsein om ús echt ris te ferdjipjen yn de matearje.” Paul: “Meedoen is overigens nooit zo’n probleem. Ik bedoel er is hier geen kwalificatietoernooi of zoiets.“ Wylst ús petear dogge beide mannen neat oars as loere op harren termometers. Mei de foet betsjinje sy de tafier fan lucht yn harren tonnen en sa no en dan komt it lid derôf om wat ike- of bûkehout as seachsel by it smeulende oerke te dwaan. 17

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication