Hoe is it no mei... Mister Itens? Troch Watse As ik de doar iepen doch sit hy yn syn stoel by it rút. De koarte broek oan en in sjekje yn ’e brân. Hy wennet sûnt in jier as fiif yn it fersoargingstehûs Nij Stapert yn Wommels. Dat is op himsels al hiel bysûnder want it is de earste kear dat hy bûten de grinzen fan syn Itens wennet! Fandêr ek de titel fan dit stikje fansels. Sjouke Sjoukema. 87 jier ferlyn waard hy berne yn it pleatske oan de Iewei dêr’t no Hein en Hiske wenje. Sjouke: “Dy pleats wie fan de famylje fan Beem, mar wy bewennen ien keammerke derfan. Fan de dyk ôf besjoen oan de linker kant. Der wie in lyts trepke nei de sliepsouder en dêr lei ik dan. Yn de oarlochsjierren hongen de tabaksblêden faak boppe myn holle te drûgjen. Miskien bin ik doe ûnbewust wol ferslingere rekke oan de lucht fan tabak. Myn Heit wie arbeider op de pleats njonken dy fan de famylje fan Beem. No wennet de famylje Kampman hjir.” “Letter ferhuzen wy nei de húskes dy’t njonken it doarpshûs stiene. No stean der twa wenten út de jierren 70, mar dêrfoar wennen der 5 húshâldingen op dat plak. Mar ik ha op in hiel soad plakken yn Itens wenne. Yn it wite hûs efter de tsjerke, yn de âlde iepenbiere skoalle, dêr’t no Jeanet en Guus wenje, Yn de kosterswenning oan it sportild (Schotanus) en ek in skoftke yn ien fan de bygebouwen op it hiem fan BB-de Spiker. Mar it langst wenne ik yn it streekje hûzen oan de Hearedyk, njonken de famylje de Boer en dêr wer njonken de famylje Boonstra. Dêr ha ik mear as 25 jier tige nei it sin wenne. Doe’t ik sa’n 5 jier tebek in beroerte krige en der boppe-op noch in tia, moast ik wol wat oars. Doe bin ik hjir hinne ferhuze.” Hoe is it dan no mei dyn sûnens? No, dêr mankearret hjir in dêr wol wat oan. Sûnder rollator kin ik bygelyks mar in pear meter rinne. Myn gehoar giet ek hieltyd mear efterút, mar it slimste is myn sicht. Dat is eins hopeleas. Alles is skimerich, ek de telefyzje. It is net oars Watse. Ik bliuw der like fleurich ûnder. As ik sjoch nei hoe’t oare minsken der oan ta binne dy’t in beroerte hân ha, dan ha ik neat te kleien”. 39
40 Online Touch Home