Do hast dyn hiele libben yn Itens wenne. Bist dan no ek ûnwennich? “Nee. Net mear. Yn it begjin hie ik der al lêst fan, mar ik ha it hjir no poerbêst nei’t sin.” Do hast net allinnich altyd yn Itens wenne, mar ek in hiele protte binnen de grinzen fan Itens oan it wurk west dochs? “Ja, dat is sa. Lykas myn heit bin ik begûn as arbeider. Earst by Reinder de Jong, dy’t buorke op de pleats dêr’t no Giliam wennet en letter ek wol by Feike Boschma, krekt bûten Rien. Doe’t dat wurk ophâlde bin ik op in bepaald momint oan it wurk gien by Wouda’s moalfabryk yn Snits. Dêr ha ik oant myn 57 ste wurke. Doe waard myn plakje modernisearre mei kompjûters en wie ik net mear nedich. Ik mocht der mei in beskieden regeling wol út. Njonken myn wurk by Wouda en ek nei myn ‘pensjoen’, wie ik ek in protte oan it wurk by Jan Rip. Jan Rispens, de heit fan Wybren en Rienk, hannele yn strie en hea en ik holp dan in protte mei. Dat wie in prachtige tiid. Wy wiene dan faak de hiele dei earne yn ’e polder of efter Grins strie oan it laden en riden yn ’e middei wer werom. Jan ried wol altyd sels. Ik hie ek wol in grut rydbewiis, mar Jan woe beslist altyd sels ride. Underweis barde it mar wat faak dat Wybren belle mei de meidieling dat hy by in boer hjir yn de omkriten heapakjes makke hie. Dan koene wy by thúskomst somtiden fuortdaliks troch yn it hea. Ik ha tûzenen pakjes hea en strie troch de hannen hân. Ik fûn it prachtich en hie sa wol wer begjinne wollen as ik dat koe. Ik hie ek gouden tiden by Jan, mar dêr ha ’k sels eins nea in sint oan oerhâlden. Myn wiif hie in gat yn ’e hân fan ‘heb ik jou daar’! Sy makke alles op, by de kapper en ik wit net wêr allegearre. Doe’t alles op wie, gie sy by mei wei. Doe’t sy fuort wie krige ik pas echt yn ‘e gaten dat der gjin sinten mear wiene. Doe ha ’k in hoartsje in strieminne tiid hân, mar ik bin der wer boppe-op kaam!” Do bist eins net allinnich mister Itens mar ek mister Keatsferiening & mister SDS. “No dat wit ik net hear, mar ik bin wol fan jongs ôf oan belutsen west by de keatsferiening fan Itens. Dat begûn doe’t ik lyts wie en helpe moast as keatsoanmerker. No rinne dy jonges en famkes meastentiids oer it ild, mar wy moasten de hiele dei drave. Jûns yn it kafee krigen wy dan ús beleanning. In iisko, in pear gûne en in fleske kûgeltsjebier. Dat wie de earste koalsoerhâldende limonade. Letter bin ik ek in protte fuort west mei it jongespartoer. Sjouke lit in keatsklau sjen dy’t om syn nekke hinget. Dy ha ’k krigen fan Tonny Koldyk. As betankje dat ik altyd mei Sjoerd Boonstra, Peter Jansen en har soan Keimpe Koldyk nei de wedstriden ta gie. Mar ik ha ek faak it doarp troch west om blommen op te heljen foar de krânsen. It mocht fansels neat kostje, dus waarden de krânsen doe sels makke. De blommen kamen gewoan út Itens wei. Dan gie ik in pear dagen foar de wedstriid in slach troch de buorren om te sjen wa’t moaie blommen hie en frege ik oft wy dy brûke mochten foar de krânsen.” Mar wêr wiest dan mei de jubileum keatspartij fan de keatsferiening. 100 jier KF, dêr hiest eins al by wêze moatten dochs? “Ja, ik hie der earne al hinne moatten. Mar ik siet der wat tsjinoan te skytskoarjen 40
41 Online Touch Home