7

Opsporing verzocht Yn it doarpshus misse we sûnt fantsimmer it nije trepke. Ien tre meer as disse op de foto en it swartte is read. Wie wit wêr die is. Doarpshus de Lytse Fjouwere Fokje 06 33720753 Fan de feestkommisje De feesttinte wie noch net iens opromme, doe wiene der al aardich wat entûsjaste feestgongers by ús del west mei fragen lykas : ‘Hoe giet it hjirnei fierder en wannear ha wy no wer doarpsfeest?’ Dat wiene fansels wol logyske fragen mar tagelyk ek fragen dêr’t wy net hielendal op taret wiene. Want de measten fan ús binne dit aventoer net oangien mei de bedoeling om fuortdaliks in nije tradysje yn gong te setten. Elisabeth en ik woene sa bygelyks foaral ek it jubileum fan’t Diggeloer fiere. Mar wy ha fansels ek wol sjoen hoefolle enerzjy der tidens de feesten út de mienskip kommen is en ek hoe grut de ferbinende faktor fan in echt doarpsfeest wêze kin. Dus wy ha der goed oer neitocht en oer praten en nochris oer neitocht en bin ta it folgende beslút kaam trrrrrrrrrrrrrrrrrrrrr……………………………. z.o.z . 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication