WY HAWWE TAKOM JIER ‘GEWOAN’ NOCHRIS IN KEAR DOARPSFEEST !! No sil yn sommige huzen fuortdaliks in freugdegjalp te hearren wêze en yn oare huzen miskien wol in betingst yn de foarm fan ‘is dat net wat te gau?’. Dy lêste kategory kinne wy gerêst stelle, dy betingsten wiene der binnen de feestkommisje sels ek. Betink dan dat it best wol dreech is om in lytse mienskip, besteande út ouwer noch lytsere mienskippen, in bytsje by inoar te hâlden sûnder jierlikse eveneminten. Dan is twa jier wachtsje op iens in hiel ein. Seker foar de jongerein! Dêr komt by dat it lestich is gruttere saken, lykas in tinte en in sweef, fêst te lizzen oer in perioade dy't langer is as ien jier. Mar boppe-al stiet fansels dat wy it lang genôch sûnder doarpsfeest stelle moatten ha. Wy ha wat dat oanbelanget noch wol wat yn te heljen en mei alle ellinde yn ’e wrâld en om ús hinne, binne wy takommende jier ek fêst wol wer ta oan in moai feest! Wy wolle der lykwols net mei sizze dat der tenei elk jier in doarpsfeest wêze sil! Wer’t wy ek best wol in skoftke oer praten ha is de lingte fan in folgjend feest. Ien dei feest soe bygelyks ek in opsje wêze kinne. Mar ek dat foarstel hat it úteinlik net helle. Is it noch wol in doarpsfeest as der gjin tinte of sweef is? Oft as it mar ien dei duorret? Nee, as wy it dogge dan dogge wy it goed! Dêrom ha wy kommend jier ‘ek gewoan’ wer 3 dagen feest! Tema ‘frij!’ Oant wy in nij tema betocht ha, dogge wy it noch efkes mei it foarige. En dat komt hielendal net sa min út! Want it begjint en einiget by jimme. De dielnimmers! Sûnder jimme wurdt it neat. Jimme moatte de muoite nimme wolle om dizze dagen frij te hâlden en mei ús feest te fieren! Net oerdei it skilderjen noch efkes ôfmeitsje wolle of op de lêste dei fan it feest alfêst op fakânsje gean. Nee. All-in op 7, 8 en 9 july! Hâld dizze dagen frij en soargje datst derby bist! De feestkommisje sels is al út ein setten mei de organisaasje fan it folgjende doarpsfeest. Dat begjint mei de organisaasje fan de nije feestkommisje. Elisabeth hat oanjûn dat sy yn de 15 jier dy’t sy hjir wennet sawat by alle gruttere feesten ek by de organisaasje belutsen wie, en no ek wol graach ris oan de oare kant fan de bar it feest meimeitsje wol. Maaike hat oanjûn dat sy in oare kear wol wer in sit nimme wol yn in feestkommisje, mar dat troch in protte oare drokte en plannen 2023 foar har eins wat te gau komt. Foar 2023 ha wy yn de persoanen fan Maaike en Elisabeth dus de earste dielnimmers te pakken! Foar de feestkommisje binne wy sadwaande op syk west nei farske krêften. En dy ha wy fûn yn de persoan fan Hans Breukelaar en Iris Jonker! ‘Wy binne o sa wiis mei jimme en ha nocht om mei jimme it feestje te fieren!’ Op nei 2023! Wy kinne oan de slach mei de tariedings en dogge dat fansels ek al. Foar ús is de feeststimming al begûn! In protte saken hat ús yn 2022 tige goed foldien en sille dêrom ek yn 2023 wer werom komme. Sa hoopje wy opnij mei ferskate kommisjes wurkje te kinnen en in berop te dwaan op in protte frijwilligers. 8
9 Online Touch Home