35

Leech by de grûn! Troch Watse Fan de measte auto’s dy’t troch it doarp ride, dêr wurdt men net fuort oars fan. It is ien fan de safolle. Meast yn in griistint en by wize fan sprekke binne jo it merk en de kleur fan de auto alwer kwyt, sa gau as er de hoeke om is. Mar by sommige auto’s wurket dat oars. As je no leafhawwer binne as net, sokke auto’s witte altyd de oandacht te gripen. Faak is it net iens it uterlik, mar it lûd fan de auto dat as earste de oandacht freget. Sa stie ik ôfrûne simmer ris in baltsje te slaan op it keatsild doe’t in lytse swarte auto op dyselde wize de oandacht frege en der foar soarge hat dat it keatsspul in pear tellen stillein waard. De auto wie sa leech by de grûn dat hy amper boppe it stek rûnom it keatsild útkaam. It wie ien fan de trije auto’s fan Michiel Jellema, dy’t tegearre mei syn âlders sûnt in jier as fiif yn it eardere hûs fan de famylje Viëtor wennet. Bewenners dy’t blykber net as in protte doarpsbewenners lid binne fan de keatsferiening en de fugelwacht, mar harren frijetiid op in oare wize belibje. Heech tiid om ris yn de kunde te kommen. Op 5 desimber ha ’k in ôfspraak mei Michiel en ik tref dan ek syn freondinne Yente. Sy hawwe twa jier ferkearing mei-inoar en sûnt koart wennet Yente ek yn Itens. Michiel fertelt my dat hy juster jierdei wie en 26 jier ferlyn berne is yn Wommels en letter ek yn Boalsert wenne hat. Hy wurket no yn de twa ploegetsjinst yn de produksje fan konserven foar de fiedingsyndustry. Yente hat fergelykber wurk, mar dan by it suvelfabryk Hochwald yn Boalsert. VW Golf Wa’t der in bytsje each foar hat sil al gau in patroan ûntdekke yn ’e auto’s dy’t op it hiem stean fan de Jellema’s. It binne allegearre auto’s fan Japanske makkelij. Sportive modellen fan bygelyks Mazda, Nissan of Toyota, dy’t nei ferrin fan tiid noch fierder nei’t sin makke binne troch in leafhawwer. No dy leafhawwer is Michiel! Trouwens hy net allinnich, ek syn heit, syn broer en syn freondinne Yente. Allegeare binne sy sljocht op de sportive Japanske sportauto’s. De measte jonges of famkes dy’t leafhawwerij oan sportive auto’s ha, ride faak yn in VW Golf of miskien in lyts model BMW. Mar dy modellen sjoch ik by jimme nea op it hiem stean? Michiel: “Nee, in VW Golf is beslist net oan my bestege. Dat is echt net myn styl. Earlik sein gean ik noch leaver op ’e fyts dan yn in Golf! It hat net allinnich mei de auto sels te krijen, mar ek mei de leafhawwers fan dizze auto’s. Benammen de type 4 Golfkes binne faak populêr ûnder de jonges dy’t grut wurden binne op ’e pleats en dêr hear ik net by. Ik ha in protte freonen rûnom Boalsert en ek yn it suden fan Nederlân. In BMW is trouwens in oar ferhaal. Dy soe hjir best nochris op it hiem bedarje kinne. Foaral de âlde type’s E30 en E36 hawwe seker myn oandacht.” 35

36 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication