36

Mar wêr komt de foarleafde foar Japanske auto’s dan wei? “De leafhawwerij fan auto’s hawwe myn broer en ik fan ús heit. Dy wie altyd al gek fan auto’s.” Hy wiist my op in foto boppe de doar. Michiel: “Dat is in foto fan ús heit syn earste auto. In Ford Granada. Us heit is noch altyd sljocht op auto’s en de autosport. Hy is bygelyks wei fan Max Verstappen en de Formule 1. Wêrom’t myn broer en ik fereale wurden binne op de Japanske sportauto’s sil tink ik in protte te krijen ha mei de kompjûter spultsjes dy’t wy faak spilen. Yn bekende spultsjes lykas: “Need for Speed” en “The Fast and the Furious” komme eins allinnich mar Japanske sportauto’s foar. Ik tink dat ús heit en mem ús it earste spultsje jûn ha en sy doe net betinke kinnen ha wat dat ta gefolch hawwe soe. Driften Wêr libbesto dysels út mei sa'n auto? Want as jo sa'n auto ha, dan wolle jo sa no en dan ek fernimme wat hy kin dochs? Michiel: “Ja, dat sil ik net ûntkenne. As ik nei in lette tsjinst nei hûs ta ryd dan traapje ik it gas wolris wat fierder yn dan eins mei. Mar de echte leafhawwerij sit foar my net yn de ‘topsnelheid’ mar yn it driften mei de auto. Dat is ek in reden wêrom't ik neat mei in VW Golf ha. Al myn auto’s hawwe nammentlik oandriuwing op de eftertsjillen en dat ha’t in Golfke net.” Foar de lêzers dy’t ûnbekend binne mei dit fenomeen. Drifte is as jo sa hurd troch de bocht gean, dat de efterkant fan de auto útbrekt en as it ware de foarkant fan de auto bûtenom besiket yn te heljen. As jo dan op it momint fan útbrekken goed tsjinstjoere en doseare gas hâlde, dan kinne jo dwers de hiele bocht trochstjoere. Jouwe jo te folle gas, dan hellet de efterkant yndied de foarkant yn en draaid de auto in rûntsje. Mei in auto mei oandriuwing op de foartsjillen wol it in stik minder goed drifte as mei in auto dy’t oandriuwing hat op de beide eftertsjillen. Michiel: “Drifte is eins myn sport. Kommende wike sille wy tegearre wer nei in drift-event yn Dútslân. Tichtby Weeze ha wy in fleanild ta ús beskikking om mei dit type auto’s te driften. Ik nim it kommende wykein 6 ekstra bannen mei, want der wurdt wolris ien opgomme. Dêr’t ik hinne gean giet it allinnich om de ‘fun’ en de ‘kick’, mar der binne ek wol wedstriden. Yn Amearika is it sels in een serieuze autosport dêr’t minsken ek de kost mei fertsjinje kinne. Dat soe my ek wol wat talykje, mar foarearst hâld ik it mar by drift-events en oare auto eveneminten. Ik ha mei myn swarte Mazda bygelyks ek al twa kear op it sirkwy fan Zandvoort riden. Way of life. Yn petear mei Michiel wurdt it my wol dúdlik dat syn auto’s mear foar him betsjutte as samar in hobby. Michiel: “Ik bin der eltse dei en altyd meidwaande . Elke pauze check ik efkes in pear ynternetpagina’s, op syk nei nijs, spesifike ûnderdielen of moaie auto’s. De ûnderdielen dy’t ik nedich ha komme fan oer de hiele wrâld”. Michiel wiist my op in doaze yn de keamer dy’t net folle grutter is as in kistje bier. “Dêr sit foar mear as 2000 euro oan ûnderdielen yn. As ik al it jild optelle soe dat ik oant no ta be36

37 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication