37

stege ha oan myn hobby, hie ik no sa in splinternije elektryske VW Golf útsykje kinnen. Mar wat bin ik bliid dat ik dat net dien ha!” Ta beslút meitsje wy noch in rûntsje lâns de ferskate auto’s. Yente fertelt dat ek sy fan hûs út de leafde foar dit type auto meikrigen hat. Sy rydt no yn in grize Toyota Celica en fertelt derby dat har auto eins rapper is as de swarte Mazda fan Michiel. Meikoarten kriget de Celica in sêft rôze kleur. Yente komt sels út Braban wei en hat Michiel troffen op de kartbaan. Hoe soe it ek oars! Yn it âlde koetshûs, njonken it hûs fan de Jellema’s, stean in wite en in reade sportauto. Wat model betreft hawwe sy wol wat fan inoar. Michiel fertelt dat de reade auto fan syn broer is en de wite fan himsels. De wite is in Nissan Silvia S15. In auto dy’t ymportearre is út Japan en wêrfan der yn Noard Nederlân net noch sa’n ien te finen is. Michiel is sunich op dizze auto en fertelt dat dizze auto’s fan’t winter eins net út it koetshûs weikomme, om harren te beskermjen tsjin it waar en de pikel op ’e dyk. Yn in oar hok neist it hûs treffe wy ‘it projekt’ fan Michiel oan. It is de auto dy’t hy oan it opbouwen is. De auto is no net mear as in keal chassis. Michiel: “Dit wie myn earste auto. In Nissan 200sx S13. De ûnderdielen dy’t ik earder neamde binne allegearre foar dizze auto. Njonken de auto stiet in tunede Toyota 6 silinder lijn motor mei in BMW fersnellingsbak. Orizjinaliteit is foar dizze hobby net belangryk. It giet om de mooglikheden en om de ‘looks’. No binne der grif ek minsken dy’t neat op ha mei dyn hobby of harren bot steure oan it lûd fan de auto of de rydstyl fan de sjauffeur. Hâldst dêr ek rekken mei? Michiel: “Ja en Nee. Wat oare minsken fan my of myn hobby tinke of fine, dat lit my kâld. Mar yn de doarpkes en op de lytse dykjes besykje ik seker wol rekken te hâlden mei it oare ferkear. Omdat myn auto sa leech by de grûn leit, is it op de klinkers ek net echt in oanrieder om hurd te riden. Dan rekket de ûnderkant hieltyd de stiennen fan ’e dyk.” Wy einigje by de swarte Mazda MX5. Michiel: “Dit is eins myn ‘shitbox’. Ik ha dizze auto al salang en sa faak opknapt of feroare dat ik der hieltyd rûger mei wurd. Ik ryd har ôf en mishannelje har eins betiden suver ek wol wat. Somtiden meitsje ik in lytse spin op ús eigen hiem. Michiel en Yente lizze my mei iennige grutskens út dat dizze auto sa leech op de grûn setten is as mooglik wie. “Leger as dit kin eins net. Dan sitst mear op ’e grûn dan der boppe.” Sels sjoch ik foaral de beswieren, mar it is mar krekt wat jo moai fine. No wol it gefal dat de famylje Viëtor hjir jierrenlang in garaazjebedriuw hân ha. Lange tiid wiene sy ek dealer fan it Japanske merk Subaru! Hoe liket dat. Kinne wy dat merk aanst ek wer werom op dit plak ferwachtsje? 37

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication