38

Michiel: “No it is wol grappich, want doe’t ik lyts wie woe ik altyd graach in Subaru Impreza ha. Mar it is oars rûn. In Impreza fyn ik seker in moaie bak, mar it is in auto mei oandriuwing op alle ouwer tsjillen en dat sykje ik net echt.” En de Amerikaanske auto’s fan hjirnjonken? Michiel: “Ja, dy hawwe seker al oandriuwing op de eftertsjillen, mar it is dochs net hielendal myn ding. Al bin ik wol bliid dat ik net de iennichste bin hjir op de buert dy’t wolris in burn-out makket. Franky hat my ek alris holpen mei in auto, dat wie top fan him.” Ik winskje dy in protte wille ta mei dyn hobby Michiel! It wie goed om dy te moetsjen. Foarsichtich mar mei dyn moaie en djoere auto’s, mar tink asjebleaft ek in bytsje om de bern yn it doarp en bûtenút! Itenser Rûnte ‘22 - ‘23 - 22 jier Hjir leit in program dat net om in bepaald tema hinne boud is. Guon ôfspraken moatte noch útwurke wurde. It binne dus min of mear los steande ûnderwerpen. Wy wolle graach dat jimme jimme opjouwe troch it jild oer te meitsjen op it nûmer dat oan it ein fan dit skriuwen stiet. 26 jannewaris 2023 - Dr Ton de Kok - ‘Spinoza en de vrijmetselarij’ Ton de Kok hat net in koarte omskriuwing fan syn ûnderwerp tastjoerd omdat de titel wol himsels sprekt. Hy hat wol earder yn Itens west. As âld-marinier en âld Twadde Keamerlid is er letter mei in stúdzje filosofy begûn en joech er oant dit jier les yn godstsjinstfilosofy oan in lyceum yn Amsterdam. Algemiene ynformaasje: Elke jûn begjint om 20.00 oere en slút om 22.00 oere. It plak is de Martinitsjerke fan Itens (Herfoarme tsjerke). Yn it skoft is der koe of tee by de koster. Opjaan kin troch: € 30,- oer te meitsjen op NL80 INGB 0001 3945 07 op namme fan D.Willemsma (Itenser Rûnte). Graach namme en (email)adres/telefoan opjaan. Losse yntreekaartsjes kostje € 7,50. Dit nûmer brûke en net mear it eardere rekkennûmer fan de RABObank Ynljochtings: Douwe Willemsma, Hearedyk 37, 8735HP, Itens (0515331744) of email nei douwe.willemsma@hetnet.nl 38

39 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication