Kroechferhalen; In oar ynsicht op ynflaasje Krekt as no hiene de minsken sa tusken 1973 en begjin jierren 80 ek mei in hiele hege ynflaasje te krijen. Ek doe wiene der in protte spanningen en konflikten yn ’e wrâld en ek doe wie der in oalje/ enerzjy krisis geande mei as gefolch hege prizen by de pomp. Mar der wie ek noch in grut ferskil mei de krisis fan no. De rinte. Dy wie nammentlik yn tsjinstelling ta no, ferskuorrende heech! Oant wol 12% per jier. Moai foar minsken mei sinten op ’e bank, mar in strop foar ‘de gewoane man’ dy’t in hypoteek of oare liening nedich hie. Foar sinten dogge minsken soms de frjemdste dingen. Dat wie yn ’e foarige iuw net oars as no en sil ek altyd wol sa bliuwe. Benammen jonge mannen wolle ûnder ynfloed fan in pear drankjes of in groepke maten, noch wolris in nuvere stunt úthelje. Ien dêr’t sy efternei altyd fan sizze: “hie net moatten, wie o sa stom fan mysels”. Yn it kafee fan Aalzen de Haan yn Rien wie dat net oars. Sa liet ien fan de kafeebesikers him sadanich oantrune dat hy foar 50 gûne in goudfisk út in fiskkom wei fiske en it bist libben en wol trochslokt. Mar in oare kafeebesiker die der noch in flinke skep boppe-op. Hy krige mits jierren 70 de kâns om 100 gûne te fertsjinjen. Mar moast dêrfoar dan wol syn libben op it spul sette. De 100 gûne waard pas fan him as hy boppe-op de brêge klimme soe en fan derôf yn it wetter fan de Frjentsjerterfeart sprong. Foar de jong feint yn kwestje stie dy hûndert gûne ûngefear gelyk oan in wyklean. Mar om dêr jo libben foar te weagjen? It wie moai waar en drûge klean wiene tichtby, dus hy besleat de útdaging ris fan boppen ôf te besjen. Hy klom op de brêge, seach dêr dat it dochs wol ferrekte heech wie, mar sprong god-segen-de greep en ûnder druk fan syn ‘maten’ in meter as 6 de djipte yn! Hy wie rap op de boaiem fan de Frjentsjerterfeart, hjoed-de-dei noch gjin oardel meter djip is op dat plak. Mar hâldt oan syn weachhalzerij, njonken in wiet pak, allinnich de 100 gûne oer, dêr’t it him yn it foarste plak om te dwaan wie. Mar it koe noch folle gekker. Flak nei de oarloch liet in oare jongkeardel him by it kafee oerhelje om foar in pakje sigaretten in rûntsje oer de brêge te rinnen. No tinke jo miskien, wat is dêr no sa dreech oan? No dan sil ik jo sizze dat hy foar syn peuken oer it ouwerkant rinne moast. 39
40 Online Touch Home