6

Fan de redaksje Troch Esther Foar jo leit alwer de earste Diggeloer fan 2023! In prachtich stikje wurk dat mei in hiel soad nocht en wille makke is troch û.o. ús skriuwers fan basisskoalle De Romte, de stifting Doarpshus, it doarpsbelang, Piety de Vries fan molkfeehâlderij Meilahúzen en fansels ús eigen redaksje. Wy binne wer by in protte minsken oan de doar west foar moaie ferhalen. Sa wie Hans bij Kapsalon Patries yn Skearnegautum (in troue adferteerder), hat Elisabeth by nije ynwenners Chantal, Nina en Gerrit oan tafel sitten, kinne jo lêze oer Jan Boonstra’s bedriuw en hat Watse wer in moai ferhaal skreaun oer de kroech yn Rien. Jim ha de redaksje ek oan de doar hân yn nofimber fan dit 2022. It is yntusken in goeie gewoante fan ús wurden om ien kear yn de twa jier in slúfke yn de Diggeloer te stoppen mei it fersyk om in lytse frijwillige bydrage foar ús doarpskrante. Jo meie witte dat wy as redaksje best wat muoite ha om de eintsjes oan elkoar te knopen. De kosten fan it papier en drukwurk wurde hieltyd heger en dus wurdt it krantsje ek wer wat djoerder. Lâns de doarren gean mei in slúfke yn dizze tiid fûnen wy as redaksje dêrom best lêstich. Alle húshaldens ha fansels wol te krijen mei hegere kosten foar bygelyks enerzjy en boadskippen. Dochs ha wy dat wol dien. Wy binne ferbjustere troch de golle giften dy’t wy krigen ha yn de slúfkes as op de rekken. Diggeloer hat mear as € 1.400,- doneart krigen troch de ynwenners fan de ouwer doarpen. Dat is geweldich! Tige, tige tank! Wy kinne hjir seker wer twa jier mei ta! Sûnder dizze donaasjes, mar ek sûnder ús adferteerders kinnen wy Diggeloer net meitsje. Ek adferteerders wolle wy derom hiel bot betanke. Ta beslút wolle wy ús besoarchers yn de doarpen betanke, spesjaal neame wy hjir Marjan, Geertje en Bertina. It is súper dat jim de krantsjes by de minsken bringe. Diggeloer is fan ús mienskip. Dat blykt hjir wol wer út. De folgjende Diggeloer komt ein febrewaris út. Wy binne troch fakansje in bytsje earder en derom wolle wy de kopij ek graach wat earder ha: foar 8 febrewaris al. Dat kin jim maile nei diggeloer@live.nl Ut namme fan de redaksje, In sûn 2023 winske! Yn de Digggelfjoer fan novimber-desimber stie in foto fan Trees Bosma as famke fan 7 jier. Dizze kear wer in kreas wyfke. Wa is dit? 6

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication