7

Ast fan dyn passy dyn wurk makkest … Yn petear mei Jan Boonstra jr., ien fan de ynwenners fan ús ouwer doarpen: Itens. Troch Esther Jan Boonstra is in man dy’t elke Rienster as Itenser hast wol kin. In fjirticher, ien fan de soannen fan Jan en Anne Boonstra út Rien, hikke en tein yn Rien en no wenachtich oan de Hearedyk yn Itens. Boppedat set Jan sichsels yn foar de mienskip: bestjoerslid fan de iisklup yn Rien, neisoarger by de Fûgelwacht en yn it ferline organisearre Jan gauris in keatsparty yn Itens. Jan hat in bedriuw, dêr’t mar in pear fan binne yn Nederlân. Hy fertelt my dat d’r miskien mar tsien as ôlve ûndernimmers binne dy’t lykas Jan ek bestean kinne fan dizze hobby: âlde kaarten. Want dat is wat Jan is: “Prentbriefkaartenspecialist”. Sûnt 1991 makket Jan fan syn passy syn wurk. Hy keapet âlde kaarten yn en ferkeapet dizze oan samlers op kaartebeursen en fia ynternet. Neist de ynkeap fan kaarten, takseart Jan kaarten en kaartekolleksjes oeral yn it lân en ferkeapet hy opslachsytemen foar samlers fan kaarten. Hy is dé spesjalist yn plestik bleden en slúfkes en ferkeapet dizze as partner fia bol.com. Jan fertelt: “Ik haw in protte foarried yn myn skuorre yn Itens stean. Dizze skuorre ha’k wol hielendal opknapt hear. It is in lúkse hok, d’r sit flierferwarming yn en is hielendal isoleart. Sa bliuwt de boel droech, mar ik ha myn basisfoarried yn in loads yn Akkrum stean. D’r hâ’k sa’n 70 m2 ferdield oer twa ferdjippingen. Ek in prachtich plak.” Wêr bestiet dyn wurk no presys út? “Eltse dei flean ik nei it postagentskip fan Skearnegautum om de bestellingen de doar út te dwaan. Want by mei is it “foar 15:00 oere besteld, is moarn noch yn hûs”. Feitlik bart it measte fia ynternet. Op myn webside jboonstra.nl bestelle samlers harren produkten en ik fertsjoer dernei de boel.” Dat Jan it ynternet in protte brûkt foar syn hannel is wol echt in pré yn syn wurk. “De kaarte-yndustry is bot fergrize. D’r binne net in protte jongeren dy’t hjir mei oan de gong gean. Dat fyn ik wolris spitich. Kollega’s yn it fak wurde âlder en ha net sa’n protte mei ynternet. Dat is fansels wol de takomst.“ Dochs hat Jan it measte wille en nocht fan de persoanlike kontakten mei de samlers en oare spesjalisten. “Sa’n tsien oant tolve wykeinen yn it jier stean ik op samlersbeursen yn Nederlân, Dútslân, Belgje en yn it ferline ek yn Ingelân. Troch de Breksit giet dat lêste net mear. De ynfier fan de opslachsystemen en kaarten is sa yngewikkeld wurden, dat ik net mear nei Ingelân ôfreizgje.” 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication