13

Sa kenne wy al wer hiel wat jierren de kwisjûn yn novimber en de Winterwille begjin jannewaris. Ek is der eins elk seizoen wol 3 kear blomskikken (sit hast altyd fol) en in stik as wat knutselmiddeis foar de bern. Wat ek al in pear jier organisearre wurdt is de jûnskuier, elke moandeitejûn fan april ôf. In flinke klup minsken makket elke wike mei inoar in kuier yn de omjouwing. Sûnt koarten wurdt der ek sa no en dan fytst! Ôfrûne seizoen wie de wynpriuwerij in grut sukses, dêrneist wie der foar de ‘whiskeypriuwerij minder animo. Sa probearret de FDD allerhande aktiviteiten út. In bernedisko en/of bingo is eins altyd in ‘skot yn de roas’. Krekt as de Countryline dûnsjûn, hokker aktiviteit in fersyknûmer fan ien wie. Se sille noch sjen oft der in ferfolch komt. Dit jier wie ek foar it earst de âlderen-middei en dat liket ek in ferfolch te krijen. Spitich genôch wiene der net genôch opjeften foar in Playbackshow yn ús doarpen, mar it paintballen foar de jeugd wie wer tige slagge. De hikkesluter fan it seizoen wie de ‘garagesale’ yn juny. Der wiene flink wat minsken op ‘e strún yn Itens en it wie in gesellige drokte. Mei Keningsdei makket FDD tegearre mei oare klups út de doarpen in programma foar jong en âld. No it simmerfakânsje is, is ek FDD efkes yn ‘e rêst, mar de binne alwer plannen om by inoar te kommen, it ôfrûne seizoen te evaluearjen en nije plannen te meitsjen. Wol mei ien persoan minder, want Regina Wassenaar hat oanjûn dat sy stoppet mei FDD. Dus is der romte foar wer nije ideeën/nije wyn. FDD stiet iepen foar nije ideeën, mar sjocht wol altyd of it helber is. By suksesnûmers wurdt der sjoen of de aktiviteit opnij te organisearjen is. Binnen de klup wurde de taken ferdield, elk hat syn/har aktiviteit om ta te rieden en út te wurkjen. Sa bliuwt it aardich en goed te dwaan kwa drokte. Hat FDD ambysjes? Dat soe kinne as de groep mei leden grutter wurdt, want ‘vele handen maken veel licht werk’. Eins giet it mar tige moai by FDD, sy binne tefreden mei de dielname en hawwe der noch altyd nocht yn. Miskien wolle se nochris wat betinke foar de jongerein/pubers yn de Fjouwer doarpen. Miskien is dit wol gelyk de fraach oan de jeugd, wat fine jimme aardich? Wat moai dat sa’n klup as FDD him ynset foar de leefberens yn ús doarpen en fan alles organisearret. Sa kinne wy inoar moetsje en aktyf dwaande wêze! It nije programma fan FDD sil yn septimber wer by elkenien yn de Fjouwer Doarpen lâns brocht wurde. Gelyk mar opjaan, net stinne, mar hinne! Þ No’t Regina oanjûn hat dat sy mei FDD ophâldt, is der romte foar in nij persoan en/ of nije minsken. Fynsto it aardich om aktiviteiten te organisearjen, mei en foar doarpsbewenners? Lit it dan witte oan FDD fia ien fan de leden of fia fddocht@live.nl Þ Hasto in leuk idee foar in aktiviteit? Jou it frâl troch oan FDD. Ideeën binne altyd wolkom Þ Neist FDD binne der noch folle mear klups en ferienigings yn ús doarpen; sjoch mar ris op de webside fan de Fjouwer Doarpen: www.de4doarpen.nl 13

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication