Oja, wy hawwe ek noch achter de bar holpen. Wat in wykein! As ik no werom sjoch wie it neffens my wer in tige slagge feest. En wat hearlik dat wy sa feestere kinne yn ús doarpen. Fansels wie it foar my wat frjemd, no’ t ik net mear yn de kommisje siet, mar ik sil jimme sizze, ik folop genoaten! Nei it feest frege my ien of ik fûn of der oare jier wer in feest komme moat. Ik wit dat ik doe sein ha, dat it feest miskien in jier oerslaan kin of dat der in jier wat in lytser feest wêze kin. Mar dêr soe ik dochs graach op werom komme! Want ien kear yn it jier in machtich feest ere mei dizze doarpsgenoaten, dêr sjoch ik no alwer nei út en soe ik leaver net misse wolle. Dizze minsken of mienskip kinne mei inoar in geweldich moai feest organisearje en ere. Dat soe om my wol elk jier kinne. Dan kinne wy dêr de rest fan it jier op tarje! Hoe is it no mei… Klaas en Annie Oldenburger? Troch Esther Sûnt oardel jier wenje Klaas en Annie Oldenburger fan Hinnaard no yn Wommels. Tiid foar in ‘update’: hoe is it no mei se? “It giet bêst!” seit Klaas. Klaas en Annie sitte bûten op’e reed fan harren nije hûs oan de Súderhaven 2 yn Wommels. Ik wie hjir al ris earder west by Klaas, want hy hat hjir ek altyd kantoar hâlden foar syn bedriuw “Oldenburger Automatisering”. Ien fan ús adferteerders. “Ik wurkje no thús sjoch”, laket Klaas, “en Annie wennet no tichtby myn wurk!”. It pand wêr’t it stel wennet wie de eardere Postkantoar en letter Friesland Bank yn Wommels en doe’t dy bank ophâld, hat Klaas it bedriuwspand kocht en is dêr syn automatiseringsbedriuw yn begûn. “In pear jier lyn hawwe wy betocht om skylk nei Wommels te ferhúzjen”, seit Annie. “Wy ha doe betocht om ús bedriuwspand om te bouwen as wenning, mar dat wie êfterof sjoen noch wol in hiele put”. Klaas en Annie harren ferbouing foel middenyn de koroanatiid, mar lokkich hie de oannimmer alle boumateriaal op’e tiid binnen. “Wy hawwe wol allegear koroana hân”, seit Klaas, “de oannimmer, de timmerman, de ynstallateur, stukadoar en ik. Dat hat de boel wol wat fertraagd. Uteinlik binne we yn maart 2022 hjir kommen, nei in lyts jier ferbouen”. Annie: “Pas in juny 2022 kaam de keuken en de flier d’r yn, dus wy ha ek noch trije moannen kampeart yn eigen hûs, mar it gie bêst”. Jou it harren mar te dwaan. Fan in saaklik kantoarpand as de bank wie, in geselliche wenning meitsje, mar dat is de Oldenburgers goed slagge nei in koarte rûnte troch it hûs: “Wy ha alles fansels ysoleare, mar ek it plafon nei beneden brocht, fan 3 meter 30 nei 2 meter 70”, seit Klaas. “No hawwe wy sinnepanielen en flierferwaarming en yn de takomst moat d’r noch ris in waarmtepomp yn”. Annie: “En wy ha daliks ‘levensloop-bestendig’ boud. Us wen-, sliep- én 16
17 Online Touch Home