19

Bekomme en neigenietsje! Troch Watse Wat wie it wer in prachtich moai doarpsfeest, begjin july! It is geweldich om safolle ferbining en wille te sjen yn sa’n lytse mienskip. Fantastysk! Geandewei it jier betinke wy fan alles en noch wat, mar om dan te sjen dat suver alle ûnderdielen in protte dielnimmers lûke en der sa goed meidien wurdt is geweldich. Wy ha it efkes neirekkene, mar yn totaal ha mear as 400 hûndert minsken meidien oan ien of mear ûnderdielen. Machtich dochs? En dat is fansels ek noch sûnder alle ynwenners dy’t dielnommen hawwe oan de buertacts. Wat wie dat ek in boppeslach! Njonken dielnimmers hat it doarpsfeest ek in protte stipe nedich fan frijwilligers en ek dat wie SUPER! Wy ha der earder al wat oer skreaun op de ynternetside fan doarpsbelang, mar sûnder jimme kinne wy net. Elkenien persoanlik betanke is net te dwaan, mar wit dat it wurdearre wurdt! Hoe grut dy bydrage dan is docht der ek net sa bot ta, want se binne allegearre ûnmisber! Ek de meiwurking en it betrouwen wat wy krigen ha fan bygelyks Stichting de Lytse Fjouwere, fan de keatsferiening, it doarpsbelang en fan de tsjerke is geweldich om mei te meitsjen. 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication