‘Tiden hawwe tiden’ - De skûtsjes fan Itens Troch Watse De IFKS sylwedstriden binne ôfrûne wike wer úteinset. Sile mei dy âlde grutte frachtskippen dwers troch it Fryske lânskip is dochs ien fan de moaiste plaatsjes dy’t jo yn Fryslan meitsje kinne. Mar dat sokke skippen yn it ferline ek Itens oan diene is hjoeddeis amper mear foar te stellen. Yn it Diggeloer fan jannewaris 2022 stie in moai stikje fan Douwe Willemsma. Hy fertelde oer de wetterloop (de Ee) en de Intenser opfeart dy’t eartiids oant it doarpshûs fan Itens ta streamde. By it lêzen fan Douwe syn ferhaal moast ik fuortdaliks tinke oan in foto dy’t syn ferhaal moai in byld bringt. It is in foto dêr ’t jo eins neat mear op weromfine fan in situaasje dy’t hjoedde-dei noch bestiet. Doe’t ik sels dizze foto foar it earst beseach tocht ik dêrom yn earste ynstânsje dat it net in foto út Itens wêze koe. Mar dochs is dat wol sa! De foto is makke op de Tjerkebuorren op it plak dêr’t no ûngefear it keatshokje stiet. Op de eftergrûn is noch krekt de wenning fan Hendrik en Jolanda Koning te sjen. Dêr’t no it beton fan de Tsjerkebuorren leit streamde doe noch it wetter fan de Itenser opfeart. Oankaam by de Hearedyk koe it wetter 2 kanten op. Rjochtsôf rjochting it doarpshûs en loftsôf foar it hûs fan Hendrik en Jolanda del. Hoe âld de foto krekt is wit ik net. Ik tink ûngefear 100 jier. 41
42 Online Touch Home