It paad werom nei Itens mei Anne en Triensje Engelsma Troch Watse Sa’t de trouwe lêzers wol wend binne, brûke wy it Diggelfjoer geregeld om yn ’e kunde te kommen mei nije ynwenners fan de Fjouwer Doarpen. Dizze kear hoech ik foar dy rubryk de nijbou net iens út. Ik gean op besite by Anne en Triensje Engelsma-Mous dy’t, my harren soan Jorrit, sûnt febrewaris by ús op ’e buert wenje yn it hûs dêr’t earder û.o. ek myn suster Agnes mei Piter Wilkens wenne ha. Sadwaande kom ik nettsjinsteande it suterige waar dochs sa goed as drûch oan. Mar ús petear is noch mar goed en wol útein setten of wy komme al ta de ûntdekking dat ik foar dizze rubryk eins op it ferkearde plak bin. Anne en Triensje binne nammentlik hielendal net nije ynwenners fan de Fjouwer Doarpen. It binne Itenzer feteranen! Anne: “Ik bin grut wurden op it Skrok ûnder Easterein. Dêr hienen myn âlden in pleats en dêr buorket myn broer no noch. Ungefear 30 jier lyn bin ik fereale rekke op Triensje dy’t doe yn Snits wenne. Doe woene wy fansels graach in plakje foar ússels hawwe en dat waard de Hearedyk 24 yn Itens. Wy binne tegearre dus yn Itens begûn en no binne wy wer werom!” 6
7 Online Touch Home