7

Triensje: “Us âldste twa jonges (Jelmer & Rimmer) hawwe de earste pear libbensjierren sels yn Itens trochbrocht. Eins moatsto dit petear mei ús jongste soan Jorrit ha, want hy is de iennige yn ús famylje dy’t noch net earder yn Itens wenne hat.” Mar Jorrit (yntusken 21 jier) is hjoed net thús. Dus wy moatte it dochs mar efkes mei jimme ha oer hoe’t jimme dan nei al dy jierren wer yn Itens bedarre binne (wol in hiele goede kar fansels!)? Anne: “Wy ha sa’n 30 jier lyn in moaie tiid hân yn Itens, mar ik woe hiel graach op in pleats wenje mei wat grûn en wat fee. Doe’t wy dy kâns krigen ha wy dy mei beide hannen oanpakt en binne ferhuze nei Reahûs. Nei de pleats dy’t no bekend is as Camping De Finne. Dy camping is eins ús libbenswurk wurden. Wy hawwe alles dêr tegearre fan de grûn ôf opboud.” Dat plakje is fansels bekend by in hiele protte ynwenners fan de Fjouwer Doarpen, mar dan is de oergong fan pleats nei jimme nije hûs tink ik wol grut? Triensje: “Ja dat is it seker. Ik bin ek best wol ûnwennich west, meist wol witte. Nei de earste nacht yn Itens die ik de gerdinen iepen en moast ik al echt wenne oan it feit dat wy ynienen gjin frij útsicht mear hiene. Oan it begjin fan dit jier krigen wy frijwat ûnferwachts belangstelling fan minsken dy’t graach de camping fan ús keapje woene. Tsja... en dat set jo fansels oan it tinken. Hoelang wolle wy en kinne wy noch troch? Ik ha 6 jier werom in harsenynfarkt hân en doe’t ik 19 wie al ris in harsenblieding. Wy wisten al dat ús bern gjin belang hiene om de camping mei de tiid fan ús oer te nimmen. Al soksoarte fan saken moatte jo dan meinimme yn jo oerweging en doe ha wy it beslút mar naam.” Anne: “Mar de nije eigeners woene fansels noch wol wat tiid ha, foar it nije toeristeseizoen. Dat betsjutte ek dat wy net folle tiid hiene om te sjen nei in nij plak foar ússels. Wy hawwe dit hûs in kear besjoen en doe like it in skoftke oft it al ferkocht wie. Mar letter kaam it dochs wêr op ús paad. It wie krekt of wie it hûs foar ús bedoeld en moast it sa wêze dat wy nei al dy jierren werom giene nei it plak dêr’t wy tegearre ek begûn binne.” De kemper fan Anne en Triensje is yntusken al in betroud gesicht op de buert. Ik wit dat sy de doarpsfeesten oan harren foarby gean litte moasten, omdat sy foar it earst mei de kemper op fakânsje soenen. 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication