8

Nei al dy jierren dat jimme simmerdeis de fakânsje fan oare minsken fersoarge ha en dus sels net fuort koene. Hoe is it dan om einliks sels in kear midden yn ’e simmer op fakânsje te kinnen? Anne: “Ja, geweldich! Wy hiene al salang sin oan in kemper. Doe’t wy it beslút naam hiene om de camping te ferkeapjen ha wy fuortdaliks dizze kemper kocht. It oerskriuwen fan de kemper wie neffens my noch earder rûn dan dy fan it hûs. Mids juny binne wy der ouwer wike lang mei troch Europa riden. It wie werklik geweldich. Sûnder te jakkerjen binne wy yn tsien ferskate lannen west. Underyn Kroäsië wie it fierste punt dêr’t wy west ha. It wie miskien wol de fakânsje fan ús libben. Wat foar fakânsjegongers binne jimme eins sels? Anne: “Wy hâlde fan lytse en rêstige plakjes. Krektgelyk as De Finne. Wy ha no ek op prachtige plakjes west. U.o. ien yn Italië by in lyts boerke. Prachtich wie it dêr en behalve wysels wie der gjin minsk. Wy hiene fan te foaren 2 campings reservearre, mar dy foelen allebeide ôf. Mei de kemper ride wie ek in genot en sa maklik as wat. It ried bygelyks folle better as mei in caravan. En as jo der binne dan draaie jo de poaten nei ûnderen en de luifel út en dan kinst sitten gean. Wy waarden der hieltyd tûker yn. Yn ’t lêst siet ik yn minder as in kertier op ’e stoel te genietsjen fan it útsicht en fan it bakje koe dat Triensje dan ek al klear hie.” Gjin lêst fan beropsdeformaasje ûnderweis? Triensje: “Jawis wol, dat sette jo nei al dy jierren net samar út. Wy sjogge dochs altyd nei hoe’t it der earne oars oan ta giet en fergelykje dat mei hoe’t wy it sels dwaan soene. Sels wiene wy eins altyd dwaande mei de camping en ús gasten. Simmerdeis wennen wy suver yn ús eigen resepsje gebou, dat trouwens timmere is troch Jan Tsjalling de Boer. Dan giene wy eins allinnich nei de pleats ta om te sliepen. Dat kaam ek mei omdat wy der in terras en hoareka by diene. Dat betsjutte ek dat der altyd minsken lâns komme koenen. Mar de nije eigeners fan De Finne ha minder mei it terras en de hoareka. Sy dogge it op harren eigen manier”. It sil wol net tafalle om te sjen dat in oar fierder giet mei jo libbenswurk? Anne: “Nee dat is sa. Je ha der sels ideeën by en in protte gefoel. Mar ik tink dat wy stoppe binne op ús hichtepunt. Miskien foar ús eigen gefoel sels noch wol krekt in bytsje foar ús hichtepunt. Mar djip fan binnen witte wy dat wy in goed beslút nommen ha. Sels wie ik oan de iene kant poer geskikt as ûndernimmer, mar oan de oare kant ek wer net. 8

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication